Ek yn us gemeente rint de wurkleazens omheech, wat ta gefolch hat dat de kosten foar bystan foar us gemeente oprinne. De FNP giet derby ut fan in belied grune op mienskipssin. Njonken it helpen mei jild wolle wy ek op oare wizen help biede om minsken dy't yn'e knipe reitsje derut te helpen. It nije kabinet mei dan wol roppe fan "WURK, WURK, WURK", mar docht oant no ta net folle mear as banen skrasse. De maatregels dy't pears nommen hat hawwe benammen gefolgen foar minsken mei in smelle beurs. Sa wurdt rjocht- feardich dielen ta in "farce" en fynt der in twadieling yn'e mienskip plak. As FNP binne wy fan betinken dat der in romhertich bystansbelied fiert wurde moat. Dit jild ek foar de bysundere bystan en it frijskattingsbelied. Fraach 6 Hoe is it kolleezje fan doel hjirmei om te gean. Doarpsuntwikkelinq en iepenbiere wurken Plannen vn us gemeente Yn't foarste plak wolle wy wat yn it algemien oer de plannen sizze. Der steane yn us gemeente ferskate saken op priemen. Ien ding fait us lykwols op. De olanfoarming. Skynber komt de wize fan planfoarming tige demokratysk oer. Der wurde junen organisearre dy't tinken dogge dat de bewenners wat yn te bringen hawwe. As foarbyld wol ik hjir neame de plannen runom it Piter Jurjenshof. Earst wurde der ferwachtingen losmakke mar nei ferin fan tiid docht bliken dat der mei de ynbring fan'e boarger neat dien is. De reaksje is dan faak, sjogge jo wol se dogge dochs wat se sels yn'e kop ha. En mei ferlegjes meitsje de bestjoerders harren der of. "Der wurdt oanheart en net harke". De boargers fiele harren net serieus naam. As FNP achtsje wy dit in ferkearde untjouwing. Sa'n wize fan hanneljen docht skea oan it demokratysk gehalte fan it bestjoer. As FNP fine wy dat der ek wat mei dien wurde moat. Fansels ek wy witte dat jo it net elk nei't sin dwaan kinne. Dochts freegje wy it kolleezje hjir mear omtinken oan te jaan. Plannen Stiens Der is en wurdt yn Stiens in protte ut'e wei setten. Ik wol hjir neame, It Gryn, it Multifunksjoneel sintrum, it Pyter Jurjenshof e.o., it pleinplan, it bedriuwenterrein Middelsee en it nijbouplan It Aldlan. It Pyter Jurjenshofplan wol ik hjir net neier op yngean. De FNP hat hjirfoar al in alternatyf yntsjinne. Wy wachtsje it andert fan it kolleezje en de oare partijen of. It pleinplan moat nei us betinken fierder utwurke wurde. Wy freegje hjirby noch ris goed nei de finansjes te sjen. Ek wolle wy de middenstan freegje ris nie te tinken oer it risikodragend ynbringen fan jild. Plannen Jelsum. Koarn.ium. Hiium. Aide Lei.ie. Britsum en Feinsum Wy fine dat de klam fan'e planfoarming wol hiel bot op Stiens rjochte is. Yn de oare doarpen wurdt yn tsjinstelling ta Stiens frijwillig troch de ynwenners sels in protte ut'e wei setten. Der moatte wy ferskuorrend wys

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 32