GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Agindapunt 4 FoarstelnA.95/3 Stiens, 18 jannewaris 1995 Underwerp art. 19 proseduere bou berging iisbaan te Britsum Oan de gemeenteried It bestjoer fan de iisklub "It Leeghje" yn Britsum wol graach in berging by de iisbaan bouweDy berging sil benammen brdkt wurde foar it opslaan fan ferskate materialen. Derneist sil de foarsjenning, as de iisbaan iepen is, brdkt wurde as kreamke om poeiermolke en sa te ferkeapjen. It perseel der't de berging op delset wurde sil - Greate Buorren te Britsum - fait binnen it bestimmingsplan BAtengebiet It bouplan is op grdn fan de bepalingen net sdnder mear te realisearjen. Om de bou op koarte termyn mooglik te meitsjen, kin gebr&k makke wurde fan in frijstellingsproseduere art. 19 Wet op de Romtlike Oardering. Acht jun op aard en omgang fan it bouplan An it feit dat sa'n foarsjenning foar in feriening winsklik is, binne wy foar it fieren fan in art. 19- proseduere, der't frijstelling troch ferliend wurde kin fan de bepalingen fan it jildende bestimmingsplan. Wy stelle j imme foar om in tariedingsbesldt te nimmen foar it perseel en oan As kolleezje de fierdere ofhanneling fan de proseduere oer te litten. Boargemaster de siktaris, en wethalders fan Ljouwerteradiel de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 38