De titspraken befetsje gj in eleminten dy't in ombtiging fan it hjoeddeiske belied fan dizze gemeente needsaaklik meitsje of yn de wei stean soene. Neffens tis kin mei de titspraken oangeande dit haadstik ynstimd wurde Iepenbiere Oarder en Feilichheid Plysje De titspraken hawwe te krijen mei it behear fan de plysje. Foar de gemeenten feroaret der net in soad. Meidertiid sil besjoen wurde moatte hoe't de foarstellen yn de praktyk titwurkje sille. Wy merke derby noch op, dat de oprop fan de CdK oan Provinsjale Steaten om har - frij fertaald - safolle mooglik del te lizzen by de foarstellen fan de boargemastersnet oerien komt mei saken as "bestjoerlike ynbeding en demokratyske legitimaasje"Dat pleit is feitlik in oprop om de besteande sitewaasje min of te mear te hanthavenjenWy freegje tis of, wat dan de winst fan de nije opset is. Branwacht It moat dtidlik bliuwe dat de pleatslike branwachttaken wat it gesach en behear oangiet lokaal bliuwe. Fierders kin mei de titspraken dSroer neffens tis ynstimd wurde. Miljeu Dat tinderdiel moat neffens tis yn bestjoerlik opsicht in taak fan de gemeente bliuwe. De yn it rapport delleine gedachte oangeande in goede gearwurking en de titfiering fan it belied kinne wy tinderskriuweDy moatte neffens tis fierder titwurke wurde. De titspraken oer it tinderbringen fan fergunningferliening (dy't yn de hjoeddeiske sitewaasje by de provinsje berest) by de gemeenten, ofstimming fan belied en sa binne in logysk gefolch fan de algemiene titgongspunten. Konkltizj e Neffens tis moat rjochting Stjoergroep nochris dtidlik makke wurde, dat mei in diskusje oer bestjoerlike fernijing, sa't dat foarsteld wurdt, foar it grutste part wol ynstimd wurde kin, mar dat de tinder 1.5 foarstelde gemeentlike weryndieling absltit tinakseptabel is. Wy steane foar om by de fierdere titwurking de klam te lizzen op^ in goed oparbeidzjen. Dat lit tinbehindere de mooglikheid foar in frijwillich byinoar gean fan gemeenten. Der moat romte foar bestean bliuwe. Foar it oare advisearje wy de neiere titwurking of te wachtsjen. 5 id 4 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 7