GEMEENTE 9 LEEUWARDERADEEL Agindapunt Foarstelnfl: 95/62. Stiens, 24 maaie 1995 Underwerp ynldken oardering boargerlike stan Oan de gemeenteried Op 1 jannewaarje 1995 is de Wet Mulder fan kreft wurden. Dy feroaring fan de wetjouwing oangeande de boargerlike stan hat de nedige gefolgen foar de gemeentlike organisaasje In wichtige feroaring is dat it foech oangeande de boargerlike stan oerhevele is fan de ried nei it kolleezje fan boargemaster en wethalders. Sa hat fan 1 jannewaarje 1995 of it kolleezje it foech om amtners fan de boargerlike stan te beneamen en te untslaan. De iepenstelling fan it buro boargerlike stan moat no ek troch it kolleezje regele wurde. Derta hawwe wy op 9 maaie 1.1. in reglemint boargerlike stan feststeld. Omdat de troch de gemeenteried feststelde oardering op de boargerlike stan net mear relevant ismoat dat ynlutsen wurde Foarstel Wy stelle jimme foar om de oardering oangeande de boargerlike stan fan 21 july 1994 yn te ldken. Kommisie Algemiene en Bestioerlike Saken Yn de gearkomste fan 18 maaie 1.1. is it foarstel behannele yn de kommisje ABZ. De kommisje kin mei it foarstel akkoart gean. Ynsi en De stikken dy't fan belang binne, lizze foar jimme op besjen yn de rieds- sliif Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 11