GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Agindapunt5 FoarstelnA.95/65. Stiens, 24 maaie 1995 Underwerp mienskiplike Antwikkeling produktbegrutting Oan de gemeenteried Ynlieding Foar de opset en ynrjochting fan de gemeentebegrutting wurdt troch As ge- meenten noch hieltyd gebruk makke fan it bekende tradisjonele model. De rAzing fan de gemeentlike baten en lesten bart derby oan de han fan in tal foarskreaune begruttingsfunksjeswerby't it aksint feitliken mear leit op de aktiviteiten en prosessen fan de organisaasje as op it resultaat fan dy aktiviteiten en prosessen. Mei as gefolch fan Anderskate Antjouwingen op it m§d fan it gemeentlike behear en belied en it dermei mank geande ferlet oan behears- en belieds- ynstrumintenAnderfine de gemeenten hieltyd mear swierrichheden mei it tradisjonele begruttings- en rekkenmodel en wol om't: 01. de foarskreaune funksjes yn de measte gefallen gj in fest ofbeakene aktiviteiten oanjouwe; 02. de haadfunksjes fan de begrutting net altyd oanslute op de belieds- fjilden of sub-beliedsfjilden dy't troch de gemeenten hantearre wurde 03. de funksjonele yndieling meastal net maklik oanslut by de gemeentlike organisaasje en de der ferban mei haldende ferantwurdlikheden; 04. de begrutting der net goed ut komt as beliedsynstrumint 05de begrutting net of amper as in goed managementynstrumint te han- tearjen is; 06. de begrutting Anfoldwaande ynsicht en trochsicht jout; 07. de ofweachfunksje net maklik te hantearjen is; 08. de fereaske relaasje tusken belied en aktiviteiten net of amper oan- j An wurdt 09. de relaasje tusken aktiviteiten en middels net oanwezich is; 10. de begrutting Anfoldwaande ynsicht jout yn de Atfierde prestaasjes; 11. de begrutting gjin direkt koste-ynsicht jout; 12. de ynformaasj e dy't yn de begrutting festlein wurdt, almeast net foldocht oan de behoefte fan de bestjoerders 13. de begrutting Anfoldwaande as ynstrumint brAkt wurde kin foar it befoarderjen fan de doelmjittigens

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 16