De mei yngong fan 1 jannewaarje 1995 trochfierde feroarings yn de gemeent- like komptabiliteitsfoarskriften hawwe wol wat ferbettering brocht, mar komme lykwols noch Dnfoldwaande temjitte oan de hjirfoar sketste problemen. Om oan dy problemen temjitte te kommen, geane hieltyd mear gemeenten der ta oer om harren tradisjonele begrutting om te setten yn in saneamde produkt- begrutting Doelstellings en produktbegrutting Yn syn algemienheid steld, is it doel fan in produktbegrutting om de winske ferbettering fan de ynsichtlikheid fan de begrutting en de fergrutting fan de bedriuwsmjittigens ta stan te bringen. Soks jout oangeande de tradisjonele begrutting de neikommende foardielen: 01. De doeIstellings fan it belied en de dermei beSage effekten wurde ynsichtliker makkeDat wat de gemeente berikke wol, wurdt better te mj itten. 02. De ferdieling fan it foech en de ferantwurdlikheden tusken bestjoer en apparaat wurdt ynsichtliker (dnderskied belieds- en behearsproduk- ten) 03. Der Dntstiet mear ynsicht yn dat wat de gemeente feitliken oan pro- dukten leveret en watfoar kosten dermei mank geane. 04. It jaan fan produktferantwurdlikheid oan it management fergruttet de mooglikheden om sa doelmjittich en bedriuwsmjittich mooglik te funksj onearj en 05. De stjoering en behearsking fan produksjeprosessen troch it bestjoer en management wurdt ferbettere trochdat by elk produkt (tuskentiids) ynsicht bestiet yn prestaasjes, kosten en opbringsten en de ynset fan personiele en finansjele middels. Mienskiplike untwikkeling produktbegrutting Wy fine dat de hjirfoar sinjalearre swierrichheden mei it besteande be- gruttingsmodel grif ek foar us gemeenten oan 'e oarder binne en dat it dt dy optyk wei in goed ding weze soe om de oerstap te meitsjen nei in pro duktbegrutting Om soks as 4 gemeenten meiinoar oan te pakken, jout neffens lis foar no en foar de takomst de nedige foardielen. Mei it mienskiplike oparbeidzjen yn dit stik fan saken kinne de mei it ynfieringstrajekt mank geande kosten fansels beheind wurde, wylst de gemeenten fierders baat hawwe by kennis en Onderfining fan wjerskanten. Yn 'e takomst kin ien en oar utwreide wurde mei in finderlinge utwikseling fan kosten en opbringsten fan produkten, de Dntwikkeling en dtwikseling fan saneamde bedriuwsnoarmen, kengetallen ensfh. A1 mei al foar us oanlieding genoch om j imme foar te stellen om as 4 ge meenten meiinoar oer te gean ta de dntwikkeling fan in produktbegrutting. Eksterne stipe Op foarhan stiet f§st dat it hjir om in frij yngripende en manske put giet, dy't grif net allinnich de finansjele ofdielingen oangiet, mar in fikse oanslach dwaan sil op de ynset en dielname fan de hiele gemeentlike orga- nisaasj e 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 17