GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Beslutelist fan 'e riedsgearkomste fan 27 aprll 1995 Oanwezich: de hearen J.W. AdmiraalG.J. Fokkema, A. Dijkstra, D. Bijlsma, drsG. Poortinga, H.A.J. Boersma, J. de Vries, drsJ.G. van Rijn, W. EkasB. Lageweg, R.A. Ketellapper en de wethilders de hear S. Jansma en B.H. Klaassens. Foarsitter: de hear Mr. C. Bijl Siktaris: de hear J.J. Kingma Ban I - 0000 -0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0- 1It feststellen fan 'e beslutelist fan 'e riedsgearkomste fan 30 maart 1995 Ddr wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Bijlsma, Dijkstra en Poortinga. De hear Bijlsma winsket dat by punt 6 fan 'e wurklist (Infolling Pyter Jurjenshof) de sin "Hy is fan miening dat it FNP-plan net goed trochrekkene is, derom hawwe sy sels in begrutting opsteld" as neikommend oanfold wurde moat. "Hy is fan miening dat it FNP-plan net goed trochrekkene is troch it kolleezje, derom hawwe sy sels in begrutting opsteld" De hear Dijkstra seit oer punt 13 (Eksterne stipe Qnderwiisbelied) dat de passaazje oer it "schoolprofielbudget" ferkeard ferwurde is. Hy sjocht graach dat dy passaazje as neikommend wizige wurdt: "At it net At it skoalprofylbudzjet kin, dan sil der oars jild op 't kleed komme moatte. Boppedat is foar it brdken fan dit budzjet tastimming nedich fan de meisizzenskips-rie" De hear Poortinga wol graach by punt 4 (beneamen fertsj intwurdiger NV Offalstjuring Fryslan) de nammen fan de tsjinstimmers fuort sjoen hawwe Acht slaand op it boppesteande wurdt de beslutelist feststeld. It feststellen fan 'e beslutelist fan 'e riedsgearkomste fan 3 april 1995 De beslutelist wurdt unferoare feststeld. 2Ynkommen stikken en meidielings 95/53 A 1gj in opmerkings B 1 - 3gj in opmerkings C 1 - 6: D§r wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Dijkstra (C4)Bijlsma (C5 en 6), Poortinga (C3)wethdlder Klaassens, wethdlder Jansma en de foarsitter 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 3