GEMEENTE 1 LEEUWARDERADEEL Beslutelist fan de ekstra riedsgearkomste fan 13 aprll 1995 Oanwezichde hearen J. AdmiraalG.J. Fokkema, A. Dijkstra, D. Bijlsma, drs. G. Poortinga, H.A.J. Boersma, J. de VriesdrsJ.G. van Rijn, B. Lageweg, R.A. Ketellapper en de wethdlders S. Jansma en B.H. Klaassens. Ofwezich: de hear W. Ekas Foarsitter: de hear mr. C. Bijl Siktaris: de hear J.J. Kingma Ban II - 1905 m. 1 Utstel oangeande reaksie op de nota Tuskenspul 95/52 Ddroer komme oan it wurd: de hearen Lageweg, De Vries, Boersma, Bijlsma, Admiraal, Poortinga, wethalder Klaassens en de foarsitter. De hear Lageweg giet yn op de passaazje 1.5. fan de nota oangeande moog- lik gearfoegjen fan Ljouwerteradiel en Menameradiel mei Ljouwert en stelt dat Ljouwert har net in soad oanldkt fan de protesten. Hy fynt wol dat de gemeente net neilitte moat om har posityf op te stellen foar it Stedsgewest oer. Yn grutte halen kin Gemeentebelangen akkoart gean mei it foarstel. Foarsteld wurdt om "neffens us" op side 4 te skrassen. De hear De Vries stelt, dat de nota sdnder de stelling oangeande it ge- meentlike gearfoegjen, best in goed stik is. De passaazje 1.5. moat dan ek skrast wurde Dat Ljouwert har sllnt it dtkommen fan de notysje hieltyd mear ofkeard hat fan it Stedsgewest, fynt hy in min ding. Ljouwerteradiel moat yn alle gefallen wol konstruktyf meiwurkje oan it Stedsgewest Wat it underdiel miljeu oanbelanget, warskoget hy foarsichtich te wezen mei it oprjochtsjen fan in nije miljeutsjinst Fierder kin hy akkoart gean mei it foarstel. 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 6