GEMEENTE LEEUWARDERADEEL WurklistnOmer5. UtstelnQmer95/70. Stiens, 22 juny 1995 Underwerp beneaming kommisje fan Ondersyk oangeande de gemeenterekken fan 1994 Oan de gemeenterie It wurk oangeande it gearstallen fan de gemeenterekkens fan de algemiene tsjinst en it grOnbedriuw oer it j ier 1994 hat yn dizze moanne syn beslach krigen. VB Accountants is op dit stuit dwaande de rekkens te kontrolearren en de kontrolerapporten hjirfan wurde de folgjende moanne ferwachte Neffens kdst 49 fan it Reglemint fan Oarder hearre de rekkens Ondersocht te wurden troch in kommisje fan teminsten trije leden dy't troch de foarsitter fan de rie derta oanwiisd wurde. Neidat de kommisje fan Ondersyk oer de rekkens te set west hat, kin de foarriedige fdststelling yn de riedsgearkomste fan takomme augustus w§ze. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 42