GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Punt fan 'e wurklist: 16. Utstelnfimer90/81. Stiens, 21 juny 1995 Underwerp Teater en fuotbalspektakel "Abe" Oan de gemeenterie Fan 'e Stichting "Stadionproduktie Abe" ha wy in brief krigen oer it teater- en fuotbalspektakel "Abe". Dy produksje sil plak ha fan 13 oant en mei 17 septimber o.s. yn it Abe Lenstra Stadion yn It Hearren- fean. It wurdt utfierd troch Tryater. It stik jout in byld fan de foar Fryslan legindaryske fuotballer Abe Lenstra, mei idekear feroarjende en Qnferwachte dekorsYn twa kear trije kertier (krekt salang 't in fuotbalwedstryd duorret) wurdt it libben fan Abe Lenstra sketst. De produksje is in Qnderdiel fan it "Frysk Festifal 1995". De Stichting freget de gemeenten in finansjele bydrage foar de pro duksje fan "Abe" Under it motto: keapje dielnimmerssertifikaten en partsje aanst mei yn 'e winst of it ferlies; "it's all in the game". De sertifikaten hawwe in wearde fan 1.000,--. Dat bedrach kriget in twaliddige ynfolling. In bedrach fan 750,-- is risikodraagjend. Dat bedrach wurdt brAkt foar it finansierjen fan de produksje. By in opset dy't lyk spilet, wurdt dat bedrach hielendal werombetelleDat is al it gefal by in besetting fan 67%. By in posityf of in negatyf resultaat wurdt respek- tivelik yn de winst of it ferlies meiparte. Sjoch derfoar it rekken- foarbyld op side 2 fan it brief fan de Stichting. It bedrach fan 250,-- dat oerbliuwt jout rjocht op 2 reservearre plakken foar "AOW-ers" (Alder Ofgryslik Wichtige minsken; bdten Frysltn wurde sy VIPs neamd) fan 125,-- it stik. Derneist kinne 10 ekstra AOW-plakken reservearre wurde tsjin in ferlege taryf fan 100,-- (gewoanlik 125,--) en 25 yntreekaartsjes fan 25,-- (gewoanlik 40,--). De belangstelling foar dy kaartsjes sille wy yn in breed ramt besjen. Wy sille derby rekken halde mei de bemerkings, dy t yn de Riedskommisje Wolwezen makke binne. Alles yn As omgean littend fine wy dat de produksje "Abe" in positive benadering fertsjinnet. Meinammen de kultuer-historyske wearde fan dat foar Frysltn unike projekt jout oanlieding derta. Mei suver hast gj in finansjele middels kin op dy wize in bydrage levere wurde oan it slagjen fan eat spesifyk Frysk-eigene

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 93