GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Agindapunt 5 Foarstelnu. 95/108 Stiens, 19 septimber 1995 Underwerp Wet Feroaring Wegebehear Oerdracht eigendom Oan de gemeenteried Yn 1993 is yn it ramt fan de Wet Feroaring Wegebehear it behear en under- hald fan ferskate wegen oergong fan de provinsje nei de gemeenten. Ien en oar is festlein yn it Werferdielingsplan Fryslan sa't dat troch Provinsjale Steaten feststeld is. No is it safier dat ek it eigendom oerdroegen wurde moat. Dat moat foar 1 jannewaarje barre Neffens de wet soargje de "ferfrjemders" foar de administrative ferwurking fan de Onderskate oan te leverjen saken. Hoewol't it yn us gefal allinnich mar om de oerdracht fan twa dielperselen giet (parten fan de Mounedyk) stelle wy foar lyk op te rinnen mei it opstelde draaiboek om mooglike administrative averij foar te kommen. In untwerp-oanfurdigingsbeslut derfoar treffe jimme hjirby oan. Yn ferban mei de lanlike unifoarme oanpak, sille de akten passearre wurde by notariskantoar Nauta Dutilh te Rotterdam. Resumearjend stelle wy jimme foar om it oanfurdigingsbeslut te nimmen ta it oernimmen fan grunen yn it ramt fan de werferdieling fan it wegebehear yn Fryslan Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 12