GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Agindapunt9 Foarstelnd. 95/121 Stiens, 16 oktober 1995 Underwerp begeunstiger RIONED Oan de gemeenteried Op it mid fan riolearring sil de kommende tiid it ien en oar barre. Net allinnich komt de tiid dat de aide riolearring ferfongen wurde moat, mar der sille ek nije foarsjennings oanlein wurde moatte. Dat sil yn de ge- meente Ljouwerteradiel ek it gefal wdze. Wat der dien wurde moat en wannear is noch net te sizzen. Op dit stuit is de diskusje aktueel oer miljeurendemint. Op lanlik nivo wurdt praten oer de needsaak om yn de bdtengebieten rioel oan te lizzen. Foar gemeenten nimt it VNG diel oan it oerlis mei it ryk. Op technysk gebiet spilet de stichting RIONED in promininte rol. De stichting behertiget de belangen fan gemeenten troch fia dndersyk en publikaasjes ddroer gemeenten sa goed mooglik op de hichte te hdlden fan dntwikkelingen. Foar it ministearje VROM wurdt troch RIONED wurke oan de paadwizer riolearring. Dat boekwurk is foar gemeenten de hantlieding hoe mei har rioelstelsel om te gean. De stichting organisearret ek sympoasiums oer aktuele rioelproblemen. Sa hat okkerdeis yn Frysldn in foarljochtings- byienkomst west foar bestjoerders oer riolearring yn it bdtengebiet. De doelstelling fan de stichting fine wy posityf foar de gemeente Ljouwer teradiel. Yn it koart komt dy doelstelling del op: befoarderjen fan de maatskiplike belangstelling foar bdtenriolearring; sammeljen en fersprieden fan oanwdzige kennisdntwikkeljen fan nije kostebesparjende techniken en metoaden op it mdd fan bdtenriolearring; kodrdinearjen fan dndersiken oangeande bdtenriolearring; fungearjen as ynformaasjeboarne op it mdd fan bdtenriolearring. Wy stelle jimme foar as gemeente begeunstiger te wurden fan dy stichting. Boargemaster en wethdlders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 51