It titstel wurdt mel 9 stimmen foar en 4 stimmen blanko oannommen. De hear Bijlsma leit in stimferklearring 6f en wiist d§ryn op de relaasje tusken it antwurd fan de foarsitter en in eardere behanneling fan it titstel. It subsidiearien fan de Prot. Chr. Stichting voorThuiszorgen Maatschanneliik Werk vn Ferwert. 95/111 - 0579 m Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Fokkema, Dijkstra, Poortinga, Boersma, Van Rijn, Ekaswethdlder Klaassens, wethdlder Jansma en de foarsitter. De hear Fokkema merkt op dat de diskusje om it dnderwerp hinne al in grut oantal j ierren spilet. Der is dan ek sprake fan in historysk besltit. Syn fraksje kiest foar it subsidiearjen fan de Provinciale Stichting voor Maatschappelijk Werk. De aspekten plurifoarmiteit en tagonklikheid binne derby de wichtigste redensOanslutend pleatst er fraachtekens by de finansjele tinderbouwing fan it titstel. No wurde de beide ynstellings foar 50% subsidiearremar op hokker wize is dat yn 'e takomst. Hy wiist yn dat ramt ek op it gearwurkjen tusken de G4-gemeenten. De hear Dijkstra seit dat syn fraksje foarstanner is fan in pragmatyske ynstek. De FNP hat beide ynstellings "like leaf". Syn fraksje winsket nimmen yn it paad te stean by it meitsjen fan in kar foar maatskiplike help. At keazen wurdt foar it subsidiearjen fan beide ynstellings dan moat de subsydzjesystematyk gelyk weze. Syn fraksje stipet d§rom de mearderheid fan it kolleezje. De hear Poortinga merkt op dat de D66- fraksje oandacht hat foar multikulturele saken. De Prot. Chr. ynstelling hat har oant no ta goed bewezen en hat besteansrjochtOm dy reden moat dy ynstelling net stindermis sanearre wurde. "Konkurrinsjeis in goede saak. De klant selektearret op it lest selsEk hy is in foarstanner fan in unifoarme subsydzjesystematyk. De hear Boersma betreuret it feit dat der by it titstel sprake is fan in mearderheids/minderheidsstanpunt. Ek hat er konstatearje moatten dat de Prot. Chr. ynstelling net oan de ftizjebesprekkingsom te kommen tot ien provinsjale ynstelling, meidien hat. Der is by it titstel sprake fan "folde algemienens"Deroan wurdt foldien troch de Prov. ynstelling. Syn fraksje stipet it minderheidsstanpunt fan it kolleezje. Ta einbesltit wiist er yn dat ferbSn nei it ferline en meinammen nei it tintwikkeljen fan it maatskiplik wurk en de positive ynset fan ferskate bestjoerdersDe hear Van Rijn seit dat syn fraksje har fine kin yn it titstel en stipet it mearderheidsstSnpunt fan it kolleezje. Hy konstatearret dat beide ynstellings harren wurkgebiet yn 'e gemeente ha. It CDA fynt dat by it minderheidsstanpunt foarby gien wurdt oan de frije kar. Dochs hat er respekt foar it stdnpunt fan de minderheid. Der is altyd op grtin fan arguminten diskusearre. Ek hy wiist op in selde subsydzjesystematyk foar beide ynstellings. Dat jildt ek foar oare dielnimmende gemeenten. De heer Ekas merkt op dat zijn fractie eveneens het meerderheidsstandpunt van het college zal volgen. De Prot. Chr. instelling werkt in de gemeente, functioneert goed en neemt een eigen plaats in. De Prot. Chr. instelling uitsluiten voor subsidising is voor zijn fractie onbespreekbaar en hij wijst in dit verband naar het collegeprogramma 94 - 98. Wethouder Klaassens (minderheidsstandpunt college) zegt in een reactie op het vorenstaande dat er sprake is van twee glasheldere voorstellen. Hij geeft in het kort de komst van het meerderheids- en minderheidstandpunt weer.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 5