14Gemeentlike Belestings Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen De Vries, Poortinga, Bijlsma en de foarsitter. De hear De Vries seit, ek sjoen it dielnimmen fan oare gemeenten, ynstimme te kinnen mei it titstel. Wol freget er at it kolleezje sicht hat op it tal beswierskriften dat mooglikerwiis ynstjinne wurde kin. De hear Poortinga wiist yn dat ferban ek noch op de mooglike Qnrest dy't dnstean kin troch it wurkjen fan it merkmechanisraeHy freget hoe't de gemeente dat aspekt tinkt op te fangen. De hear Bijlsma stelt in fraach oer it koppeljen fan it feststellen fan de wearde foar Qnreplike saken en de wetterskipslesten. Hy konstatearret op 'e nij dat it Ryk de lesten dfskoot nei gemeenten en moetet ddr it wurkjen yn fan it "pearske Ryksbelied". Hy sil om prinsipjele redenen stimme tsjin it dtstel fan it kolleezje. De voorzitter maakt duidelijk dat een effect van de hertaxatie kan inhouden een verhoging van de inkomstenbelasting als gevolg van een hogere taxatiewaarde van het onroerend goed. Een inschatting van het aantal bezwaarschriften kan niet worden gemaakt. It utstel fan it kolleezje wurdt oannommen mei 1 stim tsjin (Bijlsma). 15Subsvdzie Ilshal Liouwert 95/139 - 2812 m Der wurdt it wurd oer fierd troch de hearen Lageweg, Admiraal, Dijk- stra, Poortinga, Boersma, De Vries, wethalder Jansma en de foarsitter. De hear Lageweg seit dat syn fraksje posityf ts j in it dtstel oer stiet. Steld wurde kin dat de iishal in regionaal karakter hat. In soad ynwenners ut ds gemeente, lykas de reedriderstrainingsgroepmeitsje gebrdk fan dy foarsjenningHy docht it utstel it subsydzje te koppel jen oan it pleatsen fan in reklameboerd yn 'e halDe hear Admiraal makket dudlik dat it subsydzje as startsubsydzje besjoen wurde moat. In stikje wurdearjen en oanmoedigjen foar de gebrdkers ut us gemeente. De hear Dijkstra seit dat syn fraksje gjin foarstanner is fan it jaan fan subsydzje, foaral net oan foarsjennings bdten ds gemeente. It feit dat in soad ynwenners/groepen gebruk meitsje fan de foarsjenning en it brek fan sa'n foarsjenning yn us eigen gemeente, hat syn fraksje derta besluten dien it utstel (foar ien kear) te stypjen. De suggestje fan it kolleezje om by in mooglike ferfolchfraach yn 'e takomst, soks yn regioferban oan 'e oarder te stellen, hat syn ynstimming. De hear Poortinga seit dat er muoite hat mei it dtstel. Sa komme der twa soarten sporterssubsydierre en net subsydierre De hear Boersma seit dat er tefreden is oer it dtstel en hellet yn dat ferban de skogings fan syn fraksje fan oktober fan 't j ier oan. Hy hopet dat de sinnige takomst fan 'e hal mei help fan Ljouwerteradiel fertuten dwaan sil. Neffens him moatte buorlju mekoar op dy wize benaderj e De hear De Vries seit dat er him yn grutte halen yn 'e wurden fan de hear Admiraal fine kin. Dochs seit er dat syn fraksje altiten skeptysk tsjin it Qnderwerp oer stien hat. 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 10