GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Punt fan 'e Wurklist: 9 UtstelnQmer: 95/150 Stiens, 11 desimber 1995 Underwerp ferfangen flierbedekking beukerlokaal ibs "de Arjen Roelofsskoalle" yn Hijum Oan de rie De direkteur fan ibs "de Arjen Roelofsskoalle" yn Hijum hat oanjdn dat de flierbedekking yn it beukerlokaal fersliten is. Gemeentewurken hat de boel besjoen en konstatearre dat de filtflierbe dekking en stikken fan it marmoleum yn 'e boartershoeke stikken binne. Meinammen op 'e hoeken en by de kanten ldns is de filtf lierbedekking troch focht oantaaste en smoarch. Gemeentewurken stelt dan ek dat by ferfangen marmoleum better is as filt, de gefolgen fan focht yn acht nimmend. Neffens de Londo-noarmen is de flierbedekking yn 1997 pas oan ferfan- ging ta. At de need oan 'e man komt mei d§r lykwols fan ofwykt wurde. Hast trije jier lyn wie de flierbedekking yn trije oare lokalen 6f. Doe is dat ferfongen. No is de sitewaasje mei de flierbedekking yn it beukerlokaal sa dat ek dy flierbedekking ferfongen wurde moat. Soks kin net mear in pear jier wachtsje. Mei it ferlienen fan meiwurking sil net oer de grinzen fan 'e easken, dy't steld binne oan it jaan fan Qnderwiis, hinne gien wurde. Wyls is der by twa bedriuwen frege wat soks kostje moat. De leechste rOzing wiist tit dat ferfanging foar in bedrach fan 3.873,09 mooglik is Wy stelle j imme rie dan ek At foar it ferfangen fan de flierbedekking yn it beukerlokaal fan ibs "de Arjen Roelofsskoalle" yn Hijum in kredyt fan 3.873,09 beskikber te stellen om d§r nij marmoleum te lizzen. De kosten kinne ten leste fan technysk Qnderhald brocht wurde. De riedskommisje Wolwezen kin harren mei it utstel lykfine. Boargemaster en wethSlders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 29