GEMEENTE LEEUWARDERADEEL J! Agindapunt7 FoarstelnO.96/5 Stiens, 15 jannewaris 1996 Underwerp opfangmodel "nieuwkomers Oan de gemeenteried Bygeand litte wy jimme us foarstel oangeande de opfang fan "nieuwkomers" fan 1 jannewaarje of takomme Mei yngong fan dy datum wurdt de gemeente ferantwurdlik foar de opfang en it ynboargerjen fan "Nieuwkomers" yn de gemeente. De bygeande notysje jout oan op watfoar wize wy yn gearwurking mei de gemeenten FerwerteradielIt Bilt en Menameradiel de opfang stal jaan wolle. Yn de notysje wurdt noch gjin utsldtsel jdn oer de hichte fan de subsi- diearring fan de lokale stichting Flechtlingewurkgroep LjouwerteradielWy ferwachtsje lykwols dat it neamde restant fan 23.380,-- net foldwaande blike sil. Wy binne fan doel om it tekoart foar rekken fan it sosjaal fdns te bringen. Jimme sille der fia de riedskommisje Wolwezen oer ynformearre wurde De notysje is bepraten yn de riedsgearkomste Wolw§zen fan 8 jannewaarje 1996. De konkluzj e derfan is dat it oerlis ynstimme kin mei de foarstelde opfangstruktuer Wy stelle jimme foar om yn te stimmen mei de opfangstruktuer Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 28