GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 12. Agindapunt: 12. Foarstelndmer96/10. Stiens, 16 jannewaarje 1996 Underwerp wolwezensprogramma 1996 Oan de gemeenteried Bygeand litte wy jimme it konsept "Wolwezensprogramma 1996" takommeDe Beliedskommisje Wolwezenssaken hat dit konsept nei in ynspraakproseduere oan ds kolleezje oerlange. Wy kinne it konsept "Wolwezensprogramma 1996" QnderskriuweWy achtsje dat in reeele fertaling fan de op 27 oktober 1992 troch de gemeenteried fest- stelde fyzje oangeande it gemeentlike wolwezensbelied foar de jierren 1993 o/m 1996. De wichtichste aspekten yn it "Wolw§zensprogramma 1996" binne: nije subsydzje-kritearia foar de muzykferienings in neier titwurke belied foar berneboartersterreinen; it ynstellen fan in Kulturele Ried; en de ynfoiling fan de budzjetsubsidiearring foar: a. de Wolw§zens Ynstelling Ljouwerteradielen b. de Stichting Algemiene Bibleteek Ljouwerteradiel De oerienkomsten dy't der by hearre binne as bylagen A. en B. by it "Wolwezensprogramma 1996" dien. It konsept "Wolwezensprogramma 1996" past binnen it derfoar yn de "Gemeen- tebegrutting 1996" opnommen budzjet 775.338,--). It ekstra budzjet foar de budzjetsubsidiearring fan de W.I.L. 6.096,--) kin foar rekken fan de post "Bydrage yn de eksploitaasje fan it Multyfunksjoneel Gebou te Stiens" brocht wurde Derneist binne wy ree om foar de Kulturele Ried lit it Kulturele FOns in oanfoljend budzjet fan 7.500,-- beskikber te stellen. De Kulturele Ried beskikt dermei dan oer in totaalbudzjet fan 10.000,--. Wy sjogge dat as in minimaal budzjet foar in goed funksjonearjende Kulturele Ried. It totale budzjet foar it "Wolwezensprogramma 1996" wurdt dan 788.934,--. De Riedskommisje Wolwezen hat har op 8 jannewaris lestlyn yn grutte halen posityf Citsprutsen oer it boppesteande

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 51