11Utstel oangeande ferfanging dakbedekking fuotbalkantine DTD 95/152 - 1190 m. Deroer komme oan it wurd: de hear Bijlsma en wethalder Jansma. De hear Bijlsma freget him of werom't net alle bedriuwen yn de gemeente dy't derfoar yn oanmerking komme de gelegenheid han hawwe om yn te skriuwen op dy put. Wethalder Jansma seit dat dat troch DTD sels regele is. S tinder haadlike stimming wurdt besletten neffens it foarstel fan boargemaster en wethtlders 12Utstel oangeande Wet on de undernimmingsrieden 95/153 - 1227 m. Deroer komme oan it wurd: de hear Dijkstra en de foarsitter. Dit punt ropt by de hear Dijkstra noch in soad fragen op. Sa freget hy him of oft de yn te stellen Undernimmingsried it wurk oernimme kin fan it Organisearre Oerlis; neffens him moat ien struktuer neistribbe wurdeFierder is hy benijd nei de rol fan de gemeentesikta- ris yn it gehiel en yn hoefier't dy mandatearre wurdt en ek de rol fan de ponghdlder. De voorzitter zegt dat hierover eerst nog in ABZ-verband zal worden gesproken; pas daarna zullen de gerezen vragen kunnen worden beant- woord. SOnder haadlike stimming wurdt besletten neffens it kolleezjefoarstel 13. Utstel oangeande tariven offalstoffenheffing en himmelriochten 1996 95/154 - 1290 m. Deroer komme oan it wurd: de hearen Lageweg, De VriesBoersma, Poortinga, Dijkstra, AdmiraalBijlsma, Ketellapper, wethalder Jansma en de foarsitter. Underskate sprekkers wize der op dat it hjir net giet om in belesting, mar in taryf. De mearderheid fan it kolleezje stelt foar om de tariven yn 1996 mei 3% te ferheegjen. De hear Jansma nimt mei in ferheging fan 2,8dat de ynflaasjekorreksje is, in minderheidsstanpunt yn. It giet d§rby nei syn sizzen net sasear om het bedrachsferskil dan wol om it prinsipe. Hy seit dat er him derby basearre hat op it ferkiezingsprogramma fan Gemeentebelangen en it kolleezjeprogramma De hear Lageweg Onderstrepet dat stanpunt en wiist op de ideeen dy't yn de kommisje ABZ nei foaren brocht binne oangeande oare tariven foar minsken dy't minder offal produsearje. Hy seit dat meardere fraksjes yn it ferline tasein hawwe om te sjen nei de mooglikheden foar in oar taryf foar hbshaldings mei in bytsje offal. De hear De Vries wiist der op dat yn 1990 keazen is foar in kostedek- kend systeem. Om't dat net mooglik is, is de 3% ferheging akkoart. De kosten fan it offalopromjen wurde hieltyd heger. As de saak net kostedekkend makke wurdt, dan sitte jo takom j ier mei deselde problemen. It prinsipe fan de hear Jansma hat hy muoite mei om't dermei ofstapt wurdt fan it kostedekkend belied. 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 6