Krektlyk as de hear Boersma kin hy it iens wdze mei it kolleezjefoar- stel Foar de hear Poortinga moat wat de tariven oanbelanget net de ynflaas- jekorreksje it utgongspunt w§ze, mar it persintaazje weryn't minima derop foardt gong binne. Hy kin it allinnich mei it foarstel iens weze as de garansje jQn wurdt dat it totaal fan de gemeentlike lesten net heger wurdeHy pleitet ek foar in fierdere taryfdifferinsjaasje Lyk as de hear Poortinga sit de hear Dijkstra yn noed oer de posysje fan de minima. Hy soe dy yn 'e mj itte komme wolle troch in rojaler frij skattingsbelied. Hy is ek foar taryfdifferinsjaasje en hy freget oft it kolleezje komme kin mei foarstellen ta besunigingen oangeande it opromjen fan 6ffal. Foar de hear Admiraal is it foarstel helder en neffens it belied. Mei de troch Gemeentebelangen suggerearre striid mei it kolleezjepro- gramma is hy it dan ek alhiel net iens. De voorzitter stelt dat het voorstel strookt met het in 1990 vastge- stelde beleid. Het eventueel loslaten van dit beleid is een zaak van de raad. Ook dient afgewogen te worden of het huidige niveau van dienst- verlening in stand moet blijven en de mate van subsidi&ring. Tariefdifferentiatie is geen oplossing omdat daarmee de totale kosten niet afnemen. Een gezamenlijke discussie moet leiden tot een totaalpak- ket. Dat de tarieven in het Bildt lager uitvallen komt doordat de ge- middelde woningbezetting in Leeuwarderadeel hoger ligt. Nei dy diskusje lizze der trije foarstellen: 1. Ferheging fan de tariven foar 1996 mei 3%, mits in oar taryf mei dat- selde persintaazje ferlege wurdt (foarstel Poortinga). 2. Ferheging fan de tariven foar 1996 mei 2,8% en ynspanningsferplich- ting foar it kolleezj e om te sjen wer't mooglik besunige wurde kin (foarstel Jansma) 3. Ferheging fan de tariven foar 1996 mei 3% en ynspanningsferplichting foar it kolleezje om te sjen wer't mooglik besunige wurde kin (kol leezj efoarstel) Neit de hearen Dijkstra en De Vries in stimferklearring oflein hawwe lakt de hear Poortinga syn foarstel yn. De oare twa foarstellen wurde yn stimming brocht. Foarstel Jansma (ferheging 2.8%); Dat foarstel wurdt mei 8 tsjin 4 stimmen fersmiten. Foar it foarstel binne de hearen Poortinga, Jansma, Ketellapper en Lageweg. Foarstel kolleezie (ferheging 3%) De hearen Klaassens, Lageweg en Ketellapper lizze in stimferklearring of. Dernei wurdt it foarstel mei 8 tsjin 4 stimmen oannommen. Tsjin it foarstel stimme de hearen Poortinga, Jansma, Ketellapper en Lageweg. 14Beeruttingswizigings 95/155 - 2475 m. De begruttingswizigings wurde neffens it kolleezjefoarstel f§ststeld. 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 7