GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Agindapunt4 Foarstelnd.96/57 Stiens, 21 maaie 1996 Underwerp fergoedingen kommisjeleden/ wurkgroepleden Oan de gemeenteried It kolleezjeprogramma 1994 - 1998 neamt dnder k§st 3, lid 2: 2. Kommisjeleden, net riedsleden, krije yn guon gefallen presinsjejild, wylst hja dochs bepaalde groepearrings fertsjintwurdigje Hjir is op koarte termyn werberied nedich. It boppesteande hat oanlieding west om nei te gean hoe't yn dizze gemeente omgien wurdt mei it takennen fan presinsjejilden oan de leden (net riedsle den) fan kommisjeswurkgroepen en sa. Ut "dlde" stikken hat bliken dien dat der benammen twa motiven bestiene om presinsjejilden te jaan oan leden fan kommisjes/wurkgroepen en sa, en wol: a. as stimulins; b. as kompensaasje foar leanferlies. It wie - om genoch boargers te beheljen yn it iepenbiere bestjoer en dy der in aktive rol yn spylje te litten - doedestiids nei alle gedachten nedich om in finansjele fergoeding yn it foardtsjoch te stellen. De neamde motiven joegen ds oanlieding om it folgjende op te merken. It earste motyf is neffens us amper mear oan 'e oarder. In soad minsken binne gelokkich ree om harren fergees yn te setten foar it goed funksjo- nearjen fan tal fan maatskiplike aktiviteiten. It ferieningslibben yn dizze gemeente soe neat weze sdnder de belangeleaze ynset fan frijwilligers Is it dan winske, dat der neist dy groep frijwilligers in oare groep is, dy't wol in fergoeding krije moatte soe, inkeld op grdn fan it feit dat hja fia in gemeentlike yngong wat dogge foar dyselde mienskip? Wy fine dat it antwurd op dy fraach "nee" is. Boppedat prate we ek noch ris oer mienskips- j ild. It twadde motyf is yn ds eagen likegoed foar in grut part efterhelle. De measte gearkomsten binne yn de jdnsoeren of op oare tiden dy't meiinoar oerienkommen wurde. In selsstannige kin dermei ynfolling jaan oan oeren dy't dochs net as finansjeel lukratyf bestimpele wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 26