Nimmen wurket dei en nacht. Immen yn leantsjinst kriget troch de tanimmende arbeidsdoerferkoarting hieltyd mear mooglikheden om wat foar de mienskip te dwaan. Wurdt immen troch syn wurkjouwer oanwiisd om yn in kommisje/wurkgroep in sit te hawwen, dan sil dy wurkjouwer ddr ek wol belang by hawwe. Kompensaasje leit dan ek op de wei fan de wurkjouwer yn de foarm fan trochbeteljen fan lean, tiid foar tiid of sokssawat. Op grdn fan boppesteande soe konkludearre wurde kinne dat in elk dy't diel utmakket fan in wurkgroepkommisje, klankboerdgroep of wat foar beneaming ek keazen wurdt, net yn oanmerking komme moat foar in fergoeding. Yn in twatal gefalien wolle wy jimme foarstelle ynbreuk te meitsjen op dy regel 1. As der praat wurde kin fan in lid of in adviseur fan in kommis je/wurkgroep, dy't frege is om yn de tarieding en yn de gearkomste spesifike saakkundigens yn te bringen, dan is it takennen fan pre- sinsjejild op syn plak. 2. As immen yn funksje beneamd wurdt ta foarsitter fan in kommisje of wurkgroep, as it winnen ek rjochte is op in foarsitter en hy/sy is gjin riedslid of kolleezjelid, dan achtsje wy foar dy spesifike taak it jaan fan presinsjejild op syn plak. In foarsitter wurdt achte "de karre te ldken" nije inisjativen te nimmen, him wat rommer te oriSntearjen en him yngeand yn de matearje te ferdjipjen. Relatyf freget dat mear tiid en ynset as fan in kommisjelid ferwachte wurde mei. Yn de praktyk betsjut dat it fergoedzjen fan presinsjejild neffens de regeling en by elke offisjele plenere gearkomste. Bdten dy gefallen binne der noch wol persoanen dy't foar in fergoeding dfsprutsen tsjinsten fit de wei sette foar de gemeente. Dat bart op grdn fan yndividuele dfspraken en is hjir fierder bdten beskoging litten. It boppesteande tapast op de folge hannelswize oant no ta yn dizze gemeen te, betsjut dat de folgjende feroaring: Wol in fergoeding kriget de foarsitter fan de Beliedskommisje Wolwezen, mar net de leden fan dy kommisje. Wol in fergoeding kriget de foarsitter fan de wurkgroep Emansipaasje foar de leden fan dy wurkgroep feroaret der neat. Gjin fergoeding krije de leden fan de kommisje Sosjale- en Sdnenssa- ken. Foar in oantal op dit stuit aktive kommisjeleden betsjut dat in efterdt- gong. It komt ds reedlik foar om de foarstelde feroaring yngean te litten tagelyk mei de nije sittingsperioade fan de gemeenteried, dochs al in momint fan personiele wikselingen yn kommisjes en wurkgroepen. Resumearjend stelle wy jimme foar: a. op grdn fan de tapaslike ministeriele sirkulere elke plenere gearkom ste it derfoar oanjdne bedrach "presinsjejild kommisjegearkomste" te jaan oan: 1. de foarsitter fan de Beliedskommisje Wolwezen; 2. de foarsitter fan de wurkgroep Emansipaasje 3. oan saakkundigen/adviseurs as dy op grdn fan in ofsdnderlik troch jimme te nimmen besldt oansocht wurde om harren spesifike saakkundigens

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 27