-1- Haadstik I DE OANLIEDING TA DIZZE NOTYSJE 11 Ynlieding Oanlieding ta dizze notysje Frysk is in tasizzing fan de FNP- fraksje by de skogingen fan 1994. Sy kundige doe oan mei in notysje te kommen foar it aktyf bruken fan de Fryske taal. Yn juny 1988 waard de notysje "It bruken fan it Frysk" yn 'e ried fan Ljouwerteradiel oannommen. Yn dy notysje wurdt utgien fan in aktyf folgjend belied. Sjoen de maatskiplike feroaringen en it tanimmende draachflak foar it Frysk liket us de tiid no ryp om te kommen ta in aktyf Frysk taalbelied. It omtinken foar it bruken fan it Frysk is net fan 'e leste jierren. Der bestiet op dat med in tradysje dy't likernoch om 1952 hinne begjint. Yn dat jier sprekke Provinsjale Steaten harren ut oer in provinsjaal rapport oangeande it desintralisaasje- fraachstik. It Provinsjaal Bestjoer hat it ryk altyd oanstien op desintralisaaje, benammen op it med fan de Fryske taal en kultuer. It Provinsjaal Bestjoer is benammen fan betinken dat de provinsje en de gemeenten de oerheden binne foar it behertigjen fan dat belied en dat hja der mear foech foar hawwe moatte. It liket us net gaadlik ta om us no te ferdjipjen yn fragen as wat is taal en wer komt dy weiTaal is net allinne in doel op himsels. Neist syn kultuerwearde en identiteitsfunksje is taal yn 't foarste plak in middel om te kommunisearjenTaal is in dynamysk ferskynsel en stiet troch de tiid hinne bleat oan feroaringen. In tal moderne talen hawwe deselde "foaralden". De Franske moralist La Rochefoucault hat ris sein dat "men over niets zo goed kan twisten als over vraagstukken waarvan niemand de oplossing kent". Dat strykt mei de antwurden dy't de wittenskip jun hat op de fraach: Hoe is taal untstien? Wy wolle no leaver utgean fan de siswize: "Sizzen is neat, max dwaan is in ding". Mar wy wolle net samar wat dwaan. De leste jierren hat bliken dien dat de oanpak dy't stap foar stap nommen wurdt, de foarkar fertsjinnet. Utgongspunt derby is foar us de lykweardigens fan it Nederlansk en it Frysk sunder de wurklikheid derby ut it each te ferliezen. Boppedat moatte wy us realisearje, dat beide talen harren plak fine moatte yn Europa. Ljouwerteradiel leit yn in fan aids Frysk taalgebiet; soks is yn it bestjoerlik en minder yn it amtlik apparaat fan us gemeente ek te merkbiten. Om op dy untjouwing oan te sluten, hat de gemeente it bruken fan it Frysk sa stadichoan in wat grutter plak jun. It personiel waard oantrune om Fryske kursussen te folgjen, der kamen Fryske riedsstikken en ynkommende Fryske brieven wurde sa ut en troch yn it Frysk beandere. Sa njonkelytsen hat dy untjouwing der ta laat, dat der in tal utgongspunten untstien binne, dy't it gemeentebestjoer as belied hantearje kin. Wy binne fan betinken dat it doel hat om dy utgongspunten en it ferfolch derop no yn in beliedsplan fest te lizzen Lit dit plan de grun weze dert fierder op boud wurde kin.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 13