-2- 12 Utgongspunten gemeenlik belied oant no ta Algemien It gemeentebestjoer giet oangeande it bruken fan it Frysk ut fan in aktyf folgjend taalbelied. Oant no ta wurdt by de basisoplieding fan amtners gjin omtinken oan it Frysk bestege en alhiel net oan it opstellen fan amtlike stikken yn it Frysk, utsein riedsstikken, It lykweardich bruken fan beide rykstalen sil dan ek net fan hjoed op moarn mooglik weze. Op wei derhinne binne in tal utgongspunten ofpraten oer it bruken fan it Frysk op it gemeentehusDy punten, dy't sjoen wurde moatte as it minimum en as startpunt, en geregeldwei op1e nij besjoen wurde moatte, binne: - elts hat de frijheid om yn it skriftlik en munling ferkear mei de gemeente, de taal te bruken, dy't sy/hy sels wol; - Fryske brieven oan it gemeentebestjoer wurde safolle mooglik yn it Frysk beandere, itselde begjinsel jildt foar it munling ferkear; - amtners hawwe de frijheid Frysk te bruken, foar safier soks net behinderjend is foar de goede kommunikaasje; - riedsstikken wurde as it kin yn it Frysk steld; - wat yn de gemeenteried en kommisjes yn it Frysk sein wurdt, wurdt yn it Frysk oantekene; - amtners kinne mei stipe fan de fasiliteiten fan de "Regeling Frysk" (en mooglik op grun fan de "Verordening studiefaciliteiten"in kursus Frysk folgje. It heljen fan it Fryslan-A-diploma, it Fyslan-B-diploma en de kursus Frysk yn 't offisjele ferkear wurdt neffens in gemeentelike feroardering beleane mei in taslach. 13 Fierder mei it Frysk Ut boppesteande docht dudlik bliken, dat dy utgongspunten sjoen wurde moatte as in earste oanset en perfoarst net mear as dat. Wol der fan de doelsteling fan it lykweardich bruken fan beide talen wat telane komme, dan sil der mear barre moatte. It taalbelied fan de gemeente sil lang om let mear omfiemje moatte as de neamde utgongspunten. Om ta dat doel te kommen, binne der lykwols in tal tukelteammen, der't net samar oan foarby gien wurde kin. It is derom net allinne de fraach, hoefier't men gean wol, mar grif ek hoefier't men op dat med gean kin. Yn in krekt ferskynd undersyk fan de Fryske Akademy hat bliken dien dat it Frysk de wyn wat yn 'e seilen kriget en dat it bruken fan it Frysk runom akseptearre en sels op priis steld wurdt. Der wurdt tagelyk sein, dat wol dy positive untjouwing trochsette der mear dien wurde moat. 1.4 Doelstelling Hoe't oan it bruken fan it Frysk fierderop ek stal jun wurde sil, ut it boppesteande kin alfest de folgjende doelstelling gearstald wurde It gemeentebestjoer wol noed stean foar it behald en de untjouwing fan de Fryske taal en sil derom yn it offisjele ferkear it Frysk en it Nederlansk bruke op grun fan lykweardigens

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 14