-3- Haadstik II TWATALIGENS AS UTGONGSPONT 21 Ynlieding Oan 1 e ein fan haadstik I wurdt it lykweardich bruken fan beide talen as doelstelling neamd. Om ta dat doel te slagjen kin de gemeente in kar meitsje ut it systeem fan de dubeltaligens of fan de twataligens 22 Dubeltaligens Wannear't it Frysk yn algemiene, iepenbiere stikken brukt wurdt, stiet deselde tekst der yn it Nederlansk by, oarsom jildt dat ek. Dy foarm fan taalgebruk wurdt dubeltaligens neamd. Dubeltaligens giet feitlik ek allinne mar op foar it skriftlik taalgebruk, om't men mar ien taal tagelyk prate kin. Dubeltaligens hat foar, dat alle lezers de tekst neikomme kinne. It is ommers sa, dat immen, dy't it Frysk net machtich is, fuortdaliks de Nederlansktalige oersetting foar kar nimme sil. Der binne lykwols dudlike neidielen. Dubeltaligens jout in protte mearwurk en freget ekstra muoite, tiid en papier. Mar it slimste sil faaks weze, dat dubeltaligens it selstannich bruken fan it Frysk yn 'e wei stean sil. De skriuwer fan in dubeltalich stik sil meastal earst de Nederlanske ferzje meitsje en de Fryske derutwei oersette. Boppedat sille in protte lezers foar it gemak it Nederlanske stik under eagen nimme en soks net allinne yn it earstoan, mar foar it neist ek nei ferrin fan tiid. As soks yndied it gefal weze sil, dan kriget it Frysk in twadderangs plak en sil it allinne foar de foarm brukt wurdeDubeltaligens keart sadwaande it lykweardich bruken fan it Frysk op en is yn striid mei de earste doelstelling. 23 Twataligens By twataligens krijt it Frysk krekt as it Nederlansk in selsstannich plak yn it offisjele ferkear. Dat betsjut dat gemeentlike stikken, ofhinklik fan de sitewaasje, as regel inkeld yn it Frysk of inkeld yn it Nederlansk steld wurde. De neidielen fan dubeltaligens jilde net foar twataligens. Yn dat systeem kin it Frysk him selsstannich untjaan sunder dat it mank giet oan bliuwend mearwurk, muoite, tiid en sinteraasje sa as by dubeltaligens. Foar twataligens pleitet ek, dat it folslein oanslut op de taalsitewaasje buten it gemeentehus, der't yn alle underdielen fan 'e Fryske mienskip it systeem fan twataligens hiem is Op grun fan it hifkjen fan de beide mooglikheden kiest Ljouwerteradiel foar twataligens, mar lit romte foar de gefallen der't dubeltaligens needsaaklik achte wurdt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 15