24 Frijheid fan taalgebruk Der is sein dat nei it lykweardich bruken fan it Frysk stribbe wurde silSoks haldt feitlik yn, dat dy lykweardigens der no noch net is en dat der mear barre moat om oan dat stribjen stal te jaan. By in folsleine frijheid fan taalkar soe it wolris sa weze kinne, dat der net folle fan op 'e hispel komt. Derom sil der oan dy frijheid beheiningen ferbun wurde moatte. Der sille regels koirane moatte yn hokker gefallen in aktyf taalgebruk stipe wurde moat en it personiel oantrune wurde sil om him/har it bruken fan it Frysk eigen te meitsjen en it te bruken. Wy sille der wat foar oer hawwe moatte om it Frysk nei in lykweardige posysje te bringen It mear bruken fan it Frysk sil ek de skriuwfeardigens yn dy taal befoarderje en boppedat giet der in utnoeging oan de lezers fanut om itselde te dwaan. It wurket oansteklik. Yn de haadstikken oangeande it personielsbelied en it aktive taalgebruk wurdt der fierder op yngien. 25 Doelstelling Ut boppesteande kin de folgjende doelstelling gearstald wurde: It gemeentebestjoe.x kiest foax it systeem fan twataligensOp wei nei lykweaxdigens sil it bxnken fan it Fxysk aktyf stipe wuxde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 16