-5- Haadstik III YNTEGRAASJE FAN IT FRYSK 31 Ynlieding Yn dit haadstik sil neier yngien wurde op de yntegraasje fan it Frysk yn de gemeentlike organisaasje mei it doel om de lykberjochtiging fan Frysk- en Nederlansktaligen te ferwezentlikj en 3.2 Lykberjochtiging Frysk- en Nederlansktaligen Der is sein dat beide talen lykweardich hearre te wezen, mar dat soks yn 'e praktyk fan us gemeente noch net it gefal is. Op wei nei de lykweardigens sil it Frysk ekstra stipe hawwe moatte. Der kin ek sein wurde, dat de Frysk- en Nederlansktaligen op it stuit net lykberjochtige wurde, om't der ommers in efterstan is yn it skriftlik Frysk taalgebruk. De efterstan sil tebekkrongen wurde moatte om beide groepearringen lyk rjocht te dwaan. It kin net sa weze, dat lykweardigens en lykberjochtiging holle wurden en lege fetten bliuwe. In middel om der feroaring yn te bringen is, neist in aktyf Frysk taalgebruk, yntegraasje fan de taal yn de hiele gemeentlike organisaasje. 3.3 Yntegraasje yn de gemeentlike organisaasje De praktyk is no sa, dat de utfiering fan it taalbelied feitlik yn hannen leit by en driuwt op in inkeling. Nei buten liket it moai, as der bygelyks yn de riedsstikken Frysk brukt wurdt, mar de amtlike organisaasje is op dat stik fan saken kwetsber. Boppedat is it gjin goede saak, as it taalbelied oan inkelden oerlitten wurde moat. Op sa'n foet sil en kin in taalbelied net genoch libje, kriget it gjin echte kansen en hat it mear de funksje fan pleister. It middel om der wat oan te dwaan, is de yntegraasje fan it Frysk yn de hiele gemeentlike organisaasje. Yntegraasje sil der foar soargje, dat it taalbelied oan mear as in pear lju oerlitten wurdt en dat is nedich om it Frysk echte kansen te jaan. Dernjonken sil yntegraasje in mienskiplike ferantwurdlikens jaan, sadat der mear en better begryp foar it belied opbrocht wurdt. It sil dudlik weze, dat de stipe, der1t yn de doelstelling under 2.5 oer sprutsen wurdt benammen ek op dit underdiel rjochte wurde moat. 3.4 Doelstelling Ut boppesteande kin de folgjende doelstelling gearstald wurde: It gemeentebestjoer stribbet nei lykberjochtiging fan Frysk- en Nederlansktaligen en vol derta it gebrdk fan it Fryskmei behald fan it Nederlansk, yn har hiele organisaasje yntegrearje

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 17