-6- Haadstik IV RJOCHTSBESKERMING 41 Ynlieding Yn de foargeande haadstikken wurdt sprutsen oer de lykberjochtiging en it stribjen om it Frysk krekt sa as it Nederlansk te bruken. It docht lykwols bliken, dat de lykberjochtiging fan beide talen net samar giet en dat de gemeente yn dat stik fan saken net fan 'e flier op 'e souder stappe kin. Oan de iene kant is de behearsking fan it Frysk, benammen de skriftlike behearsking fan bestjoerders en amtners beheind. Fierderop sil oantsjutten wurde wat deroan dien wurde kin, oan de oare kant moat ek rekken halden wurde mei de rjochtsbeskerming fan de minsken, dy't net of net sa goed Frysk leze kinne en der sil hjir fjirder op yngien wurde. 42 Stikken mei in juridyske betsjutting De gemeente hat yn syn stikken en publikaasjes gauris de kar tusken it bruken fan it Frysk en it Nederlansk. It kin lykwols oars weze, wannear't dy stikken en publikaasjes in juridyske betsjutting ha en te krijen ha mei rjochtsbeskerming fan minsken. In foarbyld derfan kin weze in publikaasje yn 'e krante oangeande de mooglikheid fan it meitsjen fan beswier tsjin in bestimmingsplanWurdt sa'n publikaasje yn it Frysk dien, dan soene guon minsken net fan har rjochten op 'e hichte komme kinne en dermei komt de wetlik festleine rjochtsbeskerming yn 'e knipe. It seit himsels, dat de gemeente op dat med ferstannich hannelje moat. Keazen wurdt derom foar it utgongspunt, dat publikaasjes en oare stikken, dy't in juridyske betsjutting ha en te krijen ha mei de rjochtsbeskerming, yn it Frysk steld wurde as ridlikerwize oannommen wurde kin dat der gjin ferlet is fan in oersetting yn it Nederlansk. Soks jildt ek foar oarderings mei strafbepalings belestingoarderings, bestimmingsplannen en akten fan de boargerlike stan, mar dan wol mei in Nederlanske oersetting derby. 4.3 Algemiene Wet Bestjoersrjocht (neffens Beslut 303, jildend mei yngong fan 1 july 1995) Mei it ferskinen fan de Algemiene Wet Bestjoersrjocht binne de wetlike mooglikheden foar it bruken fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear in stik ferromme. Yn 't foarste plak kin elk him betsjinje fan it Frysk nei de oerheden ta (kest 2:8). Ek foar skriftlik ferkear oangeande algemien binende foarskriften of beliedsregels kin it Frysk brukt wurde as dernjonken in oersetting yn it Nederlansk makke wurdt. Itselde jildt foar it tarieden fan sokke stikken (kest 2:10). Foar it buorkundich meitsjen, it meidielen en op besjen lizzen fan in skriftlik stik kin allinne it Frysk brukt wurde as oannommen wurde kin dat der gjin ferlet fan in oersetting bestiet (kest 2:10). Foar in yn it Frysk steld stik kin om in oersetting fersocht wurde. De oerheid heart sa'n oersetting yn it Nederlansk te leverjen, mar mei de kosten derfoar trochberekkenje oan de fersiker. Der meie gjin kosten oan in fersiker trochberekkene wurde as der sprake is fan in direkt persoanlik belang.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 18