-7- 4.4 Wet Iepenbierens fan Bestjoer Neffens kest 2 fan dizze wet, moat de gemeente algemiene ynformaasje jaan oer syn belied en der foar soargje, dat dy ynformaasje "wordt verschaft in begrijpelijke vorm"Wat mei it wurd "begrijpelijk" bedoeld wurdt, is net rjocht dudlik. Wol is klear, dat it net yn ferban stean kin mei Fryske teksten. Dy hoege as sadanich net minder begryplik te wezen as Nederlanske. Ut jurisprudinsje by de wet kin it folgjende opmakke wurde. a. It freegjen om in oersetting fan in Frysktalich stik moat sjoen wurde as it freegjen om ynformaasje neffens de wet. Wegerjen fan sa'n oersetting op grun fan it taalbelied is wol mooglik. It is net mooglik it fersyk net-untfanklik te ferklearj en b.Wannear't immen net freget om in oersetting fan in konkreet stik, mar fan stikken yn it algemien (bygelyks riedsstikken)dan kin de gemeente sa'n fersyk net-untfanklik ferklearj e c. Iepenbiere gearkomsten kinne sawol yn it Frysk as yn it Nederlansk oankundige wurde. Yn it folgjende part fan dit haadstik sil neier yngien wurde op it jaan fan oersettings. It seit himsels, dat derby yn 'e praktyk ek achtslein wurde moat op it boppesteande 45 Oersettings Oersettings binne in praktysk en in formeel middel om it twatalich taalbelied mooglik te meitsjen. It jaan fan in oersetting sil derom in dudlik doel tsjinje moatte. Rjochtsbeskerming is sa'n doel en mei it each derop soe in underskie makke wurde kinne tusken fersikers en belanghawwenden Fersikers kinne net sundermear in oersetting krije. Op har manmachtigens en de ferskate gradaasjes yn it wezen fan fersiken hat de gemeente gjin fet en it soe hannen fol wurk jaan kinne. Der soe in brike ferhalding untstean kinne tusken de muoite fan it oersetten en it nut dat soks opsmyt. De gemeente kin foar it oersetten de kosten yn rekken bringe. Mei belanghawwenden leit it lykwols oars, om't it derby giet om minsken dy't in direkt en persoanlik belang by de saak hawwe. Ut boppesteande kin opmakke wurde, dat de gemeente hoeden weze moat mei oersettings. Giet men der te fier mei dan begjint it op dubeltaligens te lykjen en der is net foar keazen. De praktyk wiist ek ut, dat lezers dy't it Frysk minder went binne, harren ornaris aardich mei dy taal rede sille as se har der wat foar ynspanne wolle. Ut undersyk fan krektlyn hat bliken dien dat under net-Friezen in positive halding foar de Fryske taal oer bestiet. Op it stuit dat rjochtsbeskerming en persoanlik belang op it aljemint komme, heart it leverjen fan in oersetting gjin probleem te wezen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 19