-9- Haadstik V AKTYF FRYSK TAALGEBRUK 51 Ynlieding Wol de gemeente wat oan it taalbelied dwaan, dan kin sy der net om hinne en skriuw mear Frysk. Der is lykwols al oanjun, dat de skriuwfeardigens en de behearsking fan it Frysk oer it generaal breklik is. Oars as by de measte gemeentlike beliedsgebieten, freget it taalbelied net om in stikmannich aparte spesjalisten, mar just om mear minsken dy't njonken har eigen spesjalisaasje Frysk skriuwe kinne. Oan dy betingst kin de gemeente net samar foldwaan. Mei dy eftergrun is yn it neifolgjende oanjun yn hokker gefallen it aktyf Frysk taalgebruk op priemmen setten wurde kin. 5.2 Advertinsjes Advertinsjes betsjutte in presintaasje fan it belied nei buten ta. It is in goede saak dat dy advertinsjes safolle mooglik yn it Frysk ferskine. Der binne lykwols in stikmannich beheinings, dy't it bruken fan it Nederlansk billikje kinne. Alderearst is doelstelling 4.5 keazen foar it utgongspunt, dat publikaasjes en oare stikken mei in juridyske betsjutting, dy't mei rjochtsbeskerming te meitsjen ha, yn it Frysk steld wurde mei in Nederlanske oersetting. Gearfetsjend komt ien en oar op it folgjende del. Personielsadvertinsjes (sawol foar gemeente- as foar underwizend personiel) wurde as regel yn 't Frysk opnommen. Advertinsjes mei in juridyske betsjutting, dy't te meitsjen ha mei de rjochtsbeskerming, wurde yn it Frysk steld (bygelyks op it med fan de romtlike oardering en de miljeuwetjouwing) as ridlikerwize oannommen wurde kin dat der gjin ferlet bestiet oan in Nederlanske oersetting 53 Yntern skriftlik ferkear Om stal te jaan oan doelstelling 3.4 dat it Frysk yn de hiele gemeentlike organisaasje yntegrearre wurdt, sil it personiel oantrune wurde moatte om mear Frysk te skriuwen. Benammen it ynterne skriftlike ferkear jout derta goede mooglikheden It linich bruken fan it Frysk is ek in kwestje fan oefening en underfining en dy kinne yn it ynterne ferkear moai opdien wurde. Foaral yn it earstoan sil dat wol wat skriuwflaters opsmite, mar soks moat lije kinne. Troch op sa'n foet utein te setten, sil it stadichoan grif better wurde Om ien en oar wat dudliker oan te jaan, wurde hjirnei in tal saken oangeande it ynterne skriftlike ferkear taljochte.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 21