-10- 5.3.1 Utstellen oan B en W Utstellen oan B en W binne in folslein ynterne oangelegenheid en it hjirfoar under 5.3 stelde is derora ek dudlik fan tapassing. Ut in eachpunt fan yntegraasje jildt soks foar alle gemeentlike ofdielingen. 5.3.2 Utstellen oan de gemeenteried Op it stuit is it wizansje, dat de riedsstikken yn it Nederlansk en it Frysk ferskine. Op grun fan dit plan jildt no it prinsipe fan frije taalkar en it systeem fan twataligens. De konsekwinsje sil weze, dat de riedsutstellen twatalich wurde. Yn de praktyk betsjut soks, dat amtners, dyt har net mei it Frysk rede kinne, Nederlansktalige utstellen meitsje. Amtners dy't soks wol yn 'e macht hawwe of krije, kinne kieze ut beide talen, mar om 't yn dit haadstik praat wurdt oer in aktyf Frysk taalgebruk, wurdt Frysk foar kar nommen. 5.3.3 Ferslaggen en oantekens As it om de taalbehearsking fan de skriuwers ek mar heal kin, wurde sprekkers yn ferslaggen en oantekens werjun yn de taal, dy't hja yn de gearkomste prate. Neffens kest 2:12 fan de AWB heart itjinge yn it Frysk sein wurdt yn1t Frysk oantekene te wurden. Wannear't in skriuwer him perfoarst net mei it Frysk rede kin, dan sil hy/sy it ferslach yn it Nederlansk skriuwe. Yn dy sitewaasje giet it lykwols net oan en sykje om dy reden in oare skriuwer. Neigien sil wurde op hokfoar wize hjiryn foarsjoen wurde kin 5.3.4 Wurklisten As gefolch fan it foarofgeande wurdt de wurklist foar de ried ofstimd op de taal, dy't yn de underskate gefallen brukt wurdt en de wurklist foar B en W op de taal, dy't de ofstjoerder hantearret It komt der op del, dat de wurklisten sadwaande twatalich weze kinne It hat lykwols us foarkar de wurklisten foar de ried en de kommisjes yn 't Frysk gear te stallen. 54 Ekstern skriftlik ferkear Yn 't algemien is it sa, dat de gemeente besiket in Frysk antwurd te jaan op in ynkommen Fryske brief. Dat wurdt ek wol oantsjut mei de term: folgjend taalgebruk. By folgjend taalgebruk wurdt sjoen nei wat der fan butenof op jin takomt In aktyf Frysk taalbelied wol lykwols sizze, dat de gemeente net altyd sjocht nei wat in oar docht, mar sels ek as earste it Frysk bruke kin. Yn dat gefal sil it dudlik weze dat de untfanger mei it Frysk ut 'e fuotten kin.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 22