-12- Haadstik VI UNDERWIIS 61 Ynlieding De untjouwing fan in taal hinget of fan de feardigens yn en it bruken fan dy taal. Foar de feardigens en it bruken is it underwiis yn in taal beskiedend. Dernjonken is ek de status fan in taal fan grutte betsjutting. Oan de iene kant sjogge wy hjoeddei wat it bruken oanbelanget in delgong en oan de oare kant sjogge wy in tanimming fan de status yn de foarm fan tillefyzje, ekonomy, juridyske stikken, ensfh. Yn de steatkundige, geogafyske untjouwing fan de wrald en Europa fine op dit stuit grutte ferskowingen plak. Taal en kultuer spylje yn dy feroaringen in wichtige rol. Krektlyk as by it Frysk it gefal wie komt no ek it Nederlansk hieltyd mear yn'e knipe. Wolle wy it ferskaat oan talen yn Europa halde dan sille wy der op ynspylje moatte. Benammen foar it underwiis leit der in taak op dit med. 6.2 Doelstellings Yn it ramt fan de "Wet op het Basisonderwijs(kest 9) is foar it underwiis yn de Fryske taal de folgjende doelstelling beskreaun. It underwiis yn it Frysk is der op ut dat de learlingen - feardichheden untwikkelje wermei1t se dy taal doelmjittich bruke yn allerhande situaasjes fan it deistich libben; - kennis en ynsjoch oanwinne oer betsjutting, gebruk en foarm fan taal - nocht hawwe/halde oan it bruken en oan it skogjen fantaal Om hjiroan ynhald te jaan binne der kearndoelen formulearre foar de ferskate underdielen fan in taal sa as harkje, prate, leze, skriuwe, ensfh. Foar net Frysktalige bern binne de kearndoelen nochris apart beskreaun foar de underskate groepen en underdielen. Foar it underwiis Frysk is elke wike trije kertier beskikber. Der binne yn de wet gjin eintermen opnommen der't oan foldien wurde moat 63 Praktyk Om in byld fan de praktyk te krijen is in fraachpetear halden mei trije haden fan basisskoallen yn us gemeente. It byld dat derby untstiet jout in grut ferskaat oan wat it underwiis yn it Frysk oanbelanget. It algemiene byld is dat der op skoallen yn us lytsere doarpen mear oan it Frysk dien wurdt as yn de gruttere doarpen. Dit hat te krijen mei de ferhalding fan it Frysktalige en Nederlansktalige bern. Is it meartal bern Frysk dan wurdt der mear mei en oan it Frysk dien, u.O. as fiertaal en oarsom. Inkele jierren lyn hat it Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding (MSU) in nije learmetoade gearstald. Oer dizze learmetoade "De Fryske Taalrotonde" is men op de skoallen dy't it bruke tige te sprekken. Noch net alle skoallen yn us gemeente bruke dizze metoade. De beskibere trije kertier foar Frysk wurdt troch de learkreften as net tarikkend beskoge om de stelde kearndoelen te berikken. Op guon skoallen fynt men mear romte foar it jaan fan Frysk troch yntegraasje yn oare fakken sa as wraldorientaasje, dramatyske foarming, ensfh.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 24