-13- De stifting "Keunstwurk" stalt elk jier in tal projekten gear foar skoallen op it med fan dramatyske en byldzjende foarming. It tal Frysktalige projekten is oan de krappe kant. Foar it Frysk binne neffens de LONDO-noarmearing jildmiddels beskiber. Ofhinklik fan de grutte fan de skoalle in fest bedrach tusken sa ruchwei FL 100,en FL 175,Dernjonken is der per formaasjeplak foar de bern tusken 6 en 12 jier FL 5,93 en per bern tusken 6 en 12 jier FL 6,48 beskikber. Oan de iene skoalle wurdt dit as tarikkend beskoge en oan de oare skoalle as te min. It earste jild foar skoallen der't minder oan Frysk dien wurdt en it leste jild foar skoallen der't omtinken oan it Frysk jun wurdt. Yn de praktyk docht fierder bliken dat learkreften net altyd in tarikkende oplieding beskikkeFansels is soks needsaaklik om goed underwiis jaan hawwe. Op de PABOs yn Fryslan sit it Frysk yn it learpakketFoar learkreften fan buten Fryslan is der in oanfullende kursus beskikber. 64 Oanbefellings Om't de beskikbere trije kertier as net tarikkend beskoge wurde fertsjinnet de yntegraasje yn oare fakken sa as wraldorientaasje,ierdrykskunde, dramatyske foarming neier omtinken Sjoen de underfining mei de learmetoade "De Fryske Taalrotonde" is it oan te rikkemandearjen dizze metoade op alle skoallen oan te tugen en te bruken. Dernjonken kin it bruken fan tiidsskriften (De Holder, Sjederrr skoalleradio en -tillefyzje en kompjoeterprogrammas in goede stipe weze foar it underwiis FryskDerfoar sil dan wol tarikkende jildmiddels weze moatte. By it utsetten fan in goed taalbelied kin it MSU goede help biede. It is winslik dat de stifting "Keunstwurk" mear Frysktalige projekten foar it underwiis opset. Foar it jaan fan goed underwiis hearre learkreften in tarikkende oplieding te hawwenIt beskikken oer in oplieding Frysk is derfoar needsaaklik. Op grutte skoallen soe neitocht wurde kinne oer it oanstellen en ynskeakeljen fan faklearkreften 65 Beliedsfornimmens Ut it boppesteande kin de folgjende beliedsfoarnimmens gearstald wurde a. Om de keamdoelen te berikken sil neigien wurde op bokfoar wize, hygelyks yntegraasje yn oare fakken, mear romte foar it Frysk makke wurde kin. h. Foar it jaan fan goed Underwiis binne tarikkende leamniddels en -metoaden needsaaklik. Yn oerliz mei de skoallen sil neigien wurde wannear't dizze ynfiert en brukt wurde sil, foar safier dat noch net bard is. Tagelyk sil neigien wurde as hjirfoar mear jildmiddels nedich binne en op bokfoar wize deroan ynfoiling jun wurde kin. c. By de stifting "Keunstwurk" sil der op oanstien wurde mear Frysktalige projekten foar it underwiis op te setten. d. Foar it underwiis yn it Frysk heare de learkreften in tarikkende oplieding Frysk te bawwen. Dyjingen dy dit net bawwe heare ree te wezen om binnen in jier nei oanstelling oan dizze eask te foldwaan. Dit heart in funksje-eask te wezen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 25