f -14- Haadstik VII PERSONIELSBELIED 7 1 YnliedLing Krekt as de measte ynwenners kinne de measte bestjoerders en amtners wol Frysk leze, mar is de skriuwfeardigens fan dy taal oer it generaal breklik. Der komt by dat der yn amtlike stikken gauris technyske-juridyske faktermen brukt wurde moatte en dat betsjut, dat it bruken fan it Frysk yn dy stikken ekstra swierrichheden jout. It komt der op del, dat it taalbelied swier te rissen weze sil, as de betuftens yn it skriuwen fan Frysktalige teksten net ferbettere wurdt In betingst om der in feroaring yn te bringen is in passend personielsbelied. 72 Kursussen In goede mooglikheid om it Frysk skriuwen te learen, is it meidwaan oan in kursus Frysk. Kursisten kinne derfoar telane by de A.F.U.K foar de oplieding fan it diploma Fryslan-A, Fryslan-B, Frysk foar net Frysktaligen en de AFUK-akte Foar amtners dy't it Frysk al wat yn 'e macht hawwe, is der ek de mooglikheid fan it folgjen fan de oplieding "Frysk yn it offisjele ferkear" I en II. Benammen de leste oplieding is tige oan te rikkemandearjen om't dy rjochte is op it amtlik taalgebruk. It seit himsels dat it meidwaan oan soksoarte kursussen in goede saak is en it personiel derta oantrune wurde moat. 7.3 Fergoeding foar kursussen en diploma's Om't it meidwaan oan kursussen en it heljen fan it diploma Frysk in wichtige saak is, heart soks troch it gemeentebestjoer oantreklik makke wurde. It earste middel derta is it folslein fergoedzjen fan de kosten fan boppeneamde kursussen. De studzjekostenregeling sil derom net fan tapassing weze op kursussen Frysk, om't dy regeling utgiet fan in 75%-fergoeding In twadde middel is it jaan fan in taslach foar it heljen fan in diploma. Op dit stuit krije meiwurkers dy't sa'n kursus folge hawwe elk jier in taslach op it lean. Wy stelle ut in taslach op it heljen fan in diploma Frysk yn ien kear te jaan en de besteande regeling ferfalle te litten. Foar dyjingen dy't krekt in kursus folge hawwe kin in oergongsregeling betocht wurde op grun fan; taslach (ienris) - de al krigen fergoedingen Amtners, dy't in diploma helje of helle hawwe, hawwe dat dien op kosten fan en yn it belang fan de gemeente. Har ferantwurdlikens is fan deselde oarder as dy fan de amtners, dy't de mear tradisjonele fakkursussen folge hawwe. Dy lesten sette har kunde en feardigens, ek krigen troch it meidwaan oan kursussen mei help fan de gemeente, foar de baas yn Fan dyjingen, dy't it diploma Frysk helje en ek fan dyjingen, dy't gjin diploma hawwe, mar wol aardich mei it Frysk rede kinne, mei derom yn prinsipe de selde ynset frege wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 26