-15- 7.3.1 Preemjes It giet fansels om it bruken fan it FryskSadwaande wurdt keazen foar it utgongspunt, dat it bruken fan it Frysk nei mjitte beleane wurde kin mei in gratifikaasje/preemje. 74 Oanstellingsbelied By it oanstellen fan in amtner sil der yn syn algemienheid mei rekkene wurde moatte, dat dy amtner Frysk skriuwe kin en dan benammen wannear't dy feardigens foar de oanbelangjende funksje fan belang is. It is lykwols ek sa, dat de feardigens op it oanbelangjende fakgebiet fan tige grut belang is foar de gemeente en dat belang mei net op it twadde plak komme. Derom wurdt keazen foar it utgongspunt dat de kwalitiet fan de oan te stellen funksjonaris yn earste ynstansje beskiedend is. It jin eigen meitsjen fan it Frysk sil as in funksje-eask opnommen wurde. Wannear't it giet om kandidaten dy't like geskikt binne jout it behearskjen fan it Frysk de trochslach. Foar it personiel yn it underwiis jildt dat sy allinne goed underwiis jaan kinne as sy it fak mansk binne. It hawwen fan in tarikkende oplieding Frysk heart dan ek funksje-eask te wezen. 7.5 Personielsadvertinsjes Personielsadvertinsjes sille as regel yn it Frysk ferskine. Dermei wurdt oansluten by it besteande belied. Hjirmei wurdt ek oansluten by de sitewaasje, sa't dy foar it underwizend personiel fan de gemeente al in stikmannich jierren wizansje is. 76 Beliedsfoarnimmens Ut boppesteande kinne de folgjende beliedsfoarnimmens gearstald wurde a. It gemeentebestjoer stipet it meid.wa.an oan kursussen Fiysk troch de studzjekosten folslein te fergoedzjen Foar it heljen fan in diploma Frysk wurdt ien kear in taslach jun fan F1000,De besteande regeling komt hjirmei te ferfalien Foar it produsearjen fan Fryske stikken sil nei mjitte oan de oanbelangjende amtners in preemje takend wurde. b. By it oanstellingsbelied is de kwalitiet yn ears ten beskiedend en jout it behearskjen fan it Frysk de trochslach wannear't it om like geskikte kandidaten giet. c. Personielsadvertinsjes yn de provinsjale kranten wurde as regel yn it Frysk steld. d.It hawwen fan in tarikkende oplieding Frysk heart foar it underwiispersoniel funksje-eask te wezen. Dyjingen dy't net in tarikkende oplieding hawwe heare ree te wezen in oplieding hjirta te folgjen yn it jier nei de oanstelling.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 27