GEARFETTING 91 Gearfetting doelstellings en beliedsfoarniimnens Foar de oersichtlikens wurde de doelstellings en beliedsfoarnimmens by eintsjebeslut nochris op in rige set. Doelstellings 1. It gemeentebestjoer wol noed stean foar it behald en untjouwing fan de Fryske taal en sil yn syn offisjele ferkear it Frysk en it Nederlansk bruke op grun fan lykweardigens(Haadstik I) 2. It gemeentebestjoer kiest foar it systeem fan de twataligens Op wei nei de lykweardigens sil it bruken fan it Frysk lykwols stipe wurde. (Haadstik II) 3. It gemeentebestjoer stribbet de lykberjochtiging fan Frysk- en Nederlansktaligen nei en wol as middel derta it gebruk fan it Frysk, mei behald fan it Nederlansk yn syn hiele organisaasje yntegrearje. (Haadstik III). Beliedsfoarnimmens 1. a. It gemeentebestjoer brukt it Frysk sa folle mooglik yn publikaasjes en oare stikken, dy't in juridyske betsjutting ha en te meitsjen ha mei de rjochtsbeskerming fan de boargers, sanedich mei in Nederlanske oersetting. b. Oan de fraach om in Nederlansktalige oersetting te leverjen sil oer't generaal allinnich foldien wurde, wannear't it giet om belanghawwenden mei in direkt persoanlik belang. Soks is oan B en W om te beoardieljen c. As under b, mar dan foar Frysktalige oersettings. (Haadstik IV) 2. It gemeentebestjoer stribbet in aktyf Frysk taalbelied nei op neifolgjende punten: advertinsjesmei achtslaan fan de beheinings oangeande de rjochtsbeskerming; it ynterne skriftlike ferkear; it eksterne skriftlike ferkear mei in tal ynstansjes en persoanen. Op neamde terreinen wurdt it Frysk foar kar nommen (Haadstik V) 3. a. Om de kearndoelen te berikken sil neigien wurde op hokfoar wize, bygelyks troch yntegraasje ym oare fakken, mear romte foar it Frysk makke wurde kin. b. Foar it jaan fan goed underwiis binne tarikkende learmiddels en -metoaden needsaaklik. Yn oerliz mei de skoallen sil neigien wurde wannear't dizze learmidddels ynfiert en brukt wurde sil, foarsafier dat noch net bard is. It MSU kin hjirby goede help biede. Tagelyk sil neigien wurde as hjirfoar mear jildmiddels nedich binne en op hokfoar wize deroan ynfoiling jun wurde kin. -17- Haadstik IX

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 29