-18- c. By de stifting "Keunstwurk" sil der op oanstien wurde mear Frysktalige projekten foar it underwiis op te setten D. It beskikken oer in tarikkende oplieding Frysk heart funksje-eask te wezen. Dyjinge dy't sa'n oplieding net hat sil ree weze moatte binnen it jier nei oanstelling in oanfuljende kursus Frysk te dwaan. (Haadstik VI) It gemeentebestjoer stipet it meidwaan oan kursussen Frysk troch de studzjekosten folslein te fergoedzjen. Foar it heljen fan in diploma Frysk wurdt yn ien kear in taslach jun fan F1000,De besteande regeling ferfalt dermei. Foar it produseerjen fan Fryske stikken/brieven sil nei mjitte oan de oanbelangjende amtners in preemje takind wurde. By it oanstellingsbelied is de kwaliteit yn earsten beskiedend en jout it behearskjen fan it Frysk de trochslach as it om like geskikte kandidaten giet. Personielsadvertinsjes yn de provinsjale deibleden wurde as regel yn it Frysk steld. (Haadstik VII) Om it proses fan it taalbelied te folgjen en bystjoere te kinnen, sil der ut en troch oereide wurde moatte. Oan it ein fan dizze riedsperioade sil it belied Frysk foar it earst hifke wurde en dernei sil dit om de twa jier plakfine. It kolleezje fan B&W nimt derta de foarstap yn oerliz mei de kommisje Algemiene en Bestjoerlike Saken. It kolleezje fan B&W rapportearet elk jier de stan fan saken oan de kommisje ABS De wiize en folgoarder fan utfiering sil mei it personiel oerlein wurde. (Haadstik VIII) Stiens, Hjerstmoanne 1996

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 30