GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Agindapunt6 Foarstelnd.96/98 Stiens, 18 septimber 1996 Underwerp Tydlike stimulearringsregel Duorsum Bouwen (DUBO) Oan de gemeenteried Miljeufreonlik bouwen is wichtich en hieltyd mear minsken reitsje ddr oertsjuge fan. By de bou fan nije huzen wurdt dan ek rekken holden mei it miljeu troch bgl. HR-beglezing, gevelisolaasjewetterbesparjend sanitdr ensfh. oan te bringen. By ferbouwing, renovaasje of dnderhdld fan besteande wenningen wurdt duorsum bouwen lykwols folle minder faak tapast. Benammen dnwennigens en it hegere kostenivo blike in drompel te wezen. In finansjele prikel kin wenningeignerswenningbehearders en hierders fertroud meitsje mei duorsume wenningferbettering. Derom is troch it Ministearje fan Folkshbsfesting, Romtlike Oardering en Miljeubehear in stimulearringsrege- ling yn it libben roppen. Dy stimulearringsregel DUBO is in tydlike regeling, dy't allinnich bedoeld is foar ferbettering fan besteande wenningen en wengebouwen. De opset is dat de belutsene merkpartijen in earste ympuls krije der't it duorsum ferbouwen mear ynboargere troch rekket. It duorsum ferbouwen fan wenningen is op dit stuit noch djoerder as de tradisjonele wize fan renovearjen. Troch de regeling wurdt in part fan de mearkosten fergoede en de regeling rint oan 31 desimber 1998 ta. Yn de regeling is in list opnommen mei materialen en foarsjennings dy't bydrage oan it duorsum bouwen en der't in fergoeding foar jftn wurde kin. Dy list is as bylage by dit foarstel dien. Maatregels dy't no al tapast wurde, sa as bgl. it opromjen fan asbest, komme net op de list foar. Wol saken as enerzjysunige isolaasjes, wetterbe sparj end sanitir en gelddsisolaasje komme foar in bydrage yn oanmerking. Op grfln fan de subsydzjemaatregel hat de Regio Frysldn-Noard in budzjet tawiisd krigen. Dy budzjetten wurde yn de kommende trije jier troch it ryk dtkeard, der't as betingst by steld is, dat ferdieling fan de budzjetten oer de gemeenten, en ek de dtfiering fan de regeling yn de foarm fan in subsydzjetakenningbarre moat op grdn fan in fdststeld beliedsplan. Mei oare wurden: op grdn fan de regels dy't yn it beliedsplan dellein binne sille de kommende jierren de subsydzjes ferdield wurde. In kopy fan it beliedsplan is ek as bylage by dit foarstel dien.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 41