Utbetelling fan de takende subsydzje sil allinnich barre foar safier't it oan de regio Noard-Fryslan titbetelle ryksbudzjet foar dit doel tarikkend is. Ien en oar hat d.o. ta gefolch dat de utbetelling fan de subsydzjes in skoftsje op him wachtsje litte kin. In subsydzje soe no al takend wurde kinne, wylst de regio teoretysk (maksimaal) earst in jier letter iltbetelje kin. Om de subsydzjedntfangers d§r net de dupe fan wurde te litten stelle wy jimme foar om troch de wei fan in akte fan sesje nei de klearmelding ta direkte dtbetelling fan de feststelde subsydzje oer te gean. In foarbyld fan sa'n akte treffe jimme by de stikken oan. Foar de goede oarder diele wy j imme as leste mei, dat de kosten fan de foarstelde wize fan foarfinansierjen foar rekken fan de gemeente komme. By it folslein bruken fan it totale budzjet oer trije jier fan 47.295,-- sille dy kosten lykwols likerndch 1.000,-- yn it jier bedrage. De kommisje A.B.Z. hat oer dit foarstel in posityf advys utbrocht. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA Mr. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 42