GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Punt fan 'e Wurklist 8 Utstelnd.96/100 Stiens, 18 septlmber 1996 Underwern riolearring IBS "Oan't Skipperspypke" Koarnjum Oan de gemeenterie Al in hiel skoft wurdt yn 'e Koarnjumer skoalle klage oer stankoerlest fan it rioel. Der hawwe al in tal dndersiken plakfdn, der is fan alles besocht om it better te meitsjen, mar neat hat oant no ta ofdwaande west. Gemeentewurken hat no it gehiel op e nij dndersocht en konkludearret dat it hiele rioelstelsel ferfongen wurde moat. It stelsel is ek al 34 jier aid. Foar de ferfanging is yn 'e tuskentiid al in rdzing frege. Dy rClzing wiist ut dat mei de ferfanging in bedrach fan /.17.907,-- (ynklusyf b.t.w.) muoit is. Dat bedrach kin ten ldste brocht wurde fan de post technysk OnderhAld fan 'e skoalle. Wy stelle jimme dan ek At it totale rioelstelsel Onder de basisskoalle yn Koarnjum te ferfangen. De riedskommisje wolwezen kin har mei it Atstel lyk fine, mar pleitet der wol foar dat tenei twa rdzings oerlein wurde foar de beoardieling Mei it ferlienen fan it kredyt wurdt net oer de normale oan it dnder- wiis stelde easken foarbygien. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 46