GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Punt fan 'e Wurklist: 4. Utstelndmer96/106 Stiens, 17 oktober 1996 Underwerp tariedingsbeslut bestimmingsplan Hijum, De Loane 40 Oan de gemeenterie De hear Hazelhoff, De Loane 40 yn Hijum hat in oanfraach om fergunning foar de bou fan in berging op syn stik grun by us yntsjinne. It jildende bestimmingsplan "Hijum" stiet it bouplan net ta, om't de berging pland is op grdn mei de bestimming "Iepenbier grien" Dy bestimming is lykwols yn 'e rin fan 'e j ierren feitlik wizige. De hear Hazelhoff is eigner fan de grdn en as sa danich hat er de grdn as tun by syn wenning lutsen. Om't wy fan miening binne dat meiwurkjen oan it bouplan planologysk te akseptearjen is, binne wy ree de frege boufergunning te ferlienen troch in saneamde kest 19-proseduere te fieren. Derta is it needsaak- lik dat j imme rie it besldt nimt dat foar dat stik grdn in nije bestimming taret wurdt. Bygeand fine jimme in konsept-beslut mei derby hearende tekening. Wy stelle jimme derby ut dat beslut te nimmen en ddrby te besluten it fierdere ofhanneljen fan de k§st 19-proseduere oan us kolleezje oer te litten. De riedskommisje D.O.W. hat it bouplan yn syn gearkomste fan 10 oktober lestlyn bepraat. Dy kommisje kin mei it bouplan ynstimme. Ien lid fan de kommisje hat witte litten him in oar plak op it terrein foarstelle te kinnen. Deroer kinne wy opmerke dat de oanfreger witte litten hat dat de keazen lokaasje it meast winske te finen. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 17