Alle wurdfierders sprekke har wurdearring ut oer it stik. De hear Bijlsma seit dat toleransje fan de Fryske mienskip de reden is foar it ferskinen fan dy lang ferwachte notysje. De yn de kommisje Wolwezen makke op- en oanmerkings binne yn de notysje ferwurke Ynstimming fan de ried mei dy notysje sil neffens him in opdracht ynhdlde foar it kolleezje, der't hy fan hopet dat hj ir op in positive wize utfiering oan jun wurde sil. Mei it each op syn praktyske dnderfiningen, fynt de hear Poortinga utfiering fan de underlizzende notysje, benammen oangeande Frysk yn it underwiis, breanedich. De kwaliteit moat derby foarop stean. De hear Boersma hat it oer in realistyske en praktyske oanpak en wiist op it belang fan evaluaasje fan it te fieren taalbelied. Fanwege de ynstek op twataligens, fynt hy lyk as de hear Ekas dat de notysje genoch romte biedt foar it Hollansk. Frou Haites sjocht de notysje as in nije stap en stimulans foar it Frysk. De hear Admiraal is benijd nei de status en de utfiering fan it stik en fynt dat evaluaasje net frijbliuwend weze mei. Wethalder Jansma seit dat de notysje troch de FNP produsearre is. De utwurking troch it kolleezje bart troch de wei fan in stappeplan dat weromkoppele wurdt nei de kommisje en de ried. De ried stimt yn mei de yn de notysje neamde beliedsfoarnimmens 4Feststellen tariedingsbeslut Dokkumer Trekwei yn Jelsum(part butengebiet) 96/96 - 1240 m. Deroer komme oan it wurd: de hearen Boersma, De VriesBijlsma, Admiraal, Ketellapper en de foarsitter. De mearderheid fan de sprekkers is bliid dat de wenningbou en de bestimming no yn in totaalplan behannele wurde en is it iens mei it foarstel, om't de plande wenningen en lytsskalige rekreaasje gj in ynbreuk betsjutte op de besteande situaasje yn it gebiet. Allinnich in mearderheid fan de PvdA-fraksjeferwurde troch de hear Admi raal, is net oertsjdge fan de urginsje fan antisipaasje op it takomstige bestimmingsplan bdtengebiet op dit stuit. De voorzitter zegt dat goed is nagedacht over waar wel of niet woningbouw in het buitengebied wenselijk is en dat dit in het ont- werp-bestemmingsplan ook duidelijk zal worden aangegeven. Het gebruik van art. 19 WRO is in het onderhavige geval verantwoord en biedt voldoende waarborgen. It kolleezjefoarstel wurdt mei 11 tsjin 2 stimmen oannommen. Tsjin it foarstel stimme de hearen Admiraal en Fokkema. 5Tvdlike stimulearringsregel Duorsum Bouwen (DUBO) 96/98 - 1565 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt besletten neffens it kolleezjefoarstel 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 5