GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 9 FERBETTERE BESLUT Nu.: 96/133 De ried fan de gemeente Ljouwerteradiel; lezen en mei achtslaan fan it foarstel fan boargemaster en wethalders fan 10 desimber 1996; mei achtslaan fan artikel 147, lid 2, fan de gemeentewet; BESLUT: 1. te ferkeapjen en yn folsleine eigendom oer te dragen oan de Stichting Doarpshus Hijum/Feinsum "De Kampioen" as eigner fan it doarpshus "De Kampioen" oan de Skoallestrjitte 9 (9054 KK) te Hijum, korrespondinsje-adres Lege Hearewei 58, 9054 KE te Hijum, in part likemoch 310 m2 grut fan it perseel kadastraal bekend gemeen te Hijum, seksje F, nu. 38, globaal situearre oan de westkant fan it doarpshus en it hiem dat der by heart, foar in bedrach fan 1,— under de gebruklike betingsten, wylst de kosten fan de transaksje foar rekken fan de ferkeaper komme. 2. in saaklik ijocht te festigjen op itjinge dat oerdroegen wurdt foar it hawwen, underhalden en behearen fan in riolearring, ien en oar sa't dat neier op de by dit beslut hearrende tekening oanjun stiet. Sa besletten troch de ried niisneamd, yn syn gearkomste fan 19 desimber 1996, de siktaris, de foarsitter, (J.J.\^higma) (Mr. C. Bijl)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 29