GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Agindapunt: 13. Foarstelnumer96/137 Stiens, 10 desimber 1996 Underwerp oanfraach kest 74 WBU Oan de gemeenteried It bestjoer fan it VCBO hat in oanfraach yntsjinne op grdn fan kest 74 WBU foar de oanskaf fan 2 matten foar it beukergimmestyk. Sy hawwe dy oanfraach yntsjinne yn septimber lestlyn. Om 't de WBU feroaret op 1 jannewaris oansteande yn ferban mei de desintralisaasje husfesting, is in Wiziging fan de Wet publisearre yn Staatsbled 402. Der stie yn dat oanfragen, yntsjinne nei 1 septimber buten behanneling bliuwe koene Dat soe betsjutte dat de oanfraach net behannele wurde hoecht. Wy hawwe lykwols besletten dizze oanfraach as leste te beskogjen, mar derby wol mei klam steld dat it hjir om de iennichste oanfraach giet, der 't wy sa'n utsundering foar meitsje. Wy soene jimme rie dan ek utstelle wolle de frege meiwurking te ferlienen. De riedskommisje wolwezen kin har mei it utstel lyk fine mar stelt mei klam dat dit de leste utsundering wurdt Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1996 | | pagina 40