GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 5 Agindapunt: 5 Foarstelnumer: 97/4 Stiens, 23 jannewaaije 1997 Underwerp: Liening foar PC-privee projekt personielsferiening Oan de gemeenteried Begjin 1993 hat de personielsferiening in PC-privee projekt organisearre. Mear as 30 minsken hawwe doe gebruk makke fan dy aksje. Ek it gemeentelike belang oangeande "wat hja thus leare, kostet hjir gjin tiid" is neffens us grif syn doel net foarby sketten. De bydrage fan de gemeente bestie ut foarfinansiering tsjin in leech persintaazje. Elke dielnimmer koe doe 2.500,-- bene. Der stiene 26 terminen fan 100,- yn 'e moanne foaroer. De rintefergoeding wie derom 4%. Dy terminen waarden mei it lean ferrekkene. Dy ofwikkeling is suver automatysk en sunder swierrichheden ferrun. Wy binne no hast 4 jier fierder en by de leden fan de personielsferiening is der in ferlet om thus de apparatuer te ferfangen. Yntiids binne PC's evaluearre nei multi-media masines. CD-rom, Yntemet en sa, hawwe har yntree dien. Dy untjouwings kinne op de PC's fan 1993 net mear folge wurde. N.o.f. de fraach om in ferfolchprojekt hat de personielsferiening ynventarisearre hoefolle gadingmakkers yn prinsipe belangstelling hawwe foar in nij projekt. Ynklusyf underwizend personiel (hja hawwe yn 1993 ek meidien) en in pear minsken fan de branwacht hawwe op 'e nij mear as 30 leafhawwers har oanmelden as gadingmakker. Mei it each op dy grutte belangstelling wol de personielsferiening hjir wer in pf-aktiviteit fan meitsje. Yn 1993 waard foar hast 100.000,-- oan apparatuer besteld. De liening, dy't derfoar troch de gemeente jun waard wie hast 77.000,--. 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 15