Omdat de personielsferiening net oer sokke bedraggen beskikke kin, freget sy oan de gemeente om op identike wize, tsjin deselde (rinte)regels de foarfinansiering foar har rekken te nimmen. Op it gemeentehus wurde de PC's ek regelmjittich ferfongen troch masines dy't wer mear kinne. Lyk as yn 1993 sil wat thus leard wurdt it wurk op it gemeentehus te'n goede komme. Nest gemeentepersoniel, underwizend- en branwachtpersoniel kin tocht wurde oan in gruttere groep minsken dy't direkt mei de gemeente te krijen hawwe. Mei it each op de lege rintestan en de fergoeding derfoar, dy't 3m it 26e termyn sit, sil dy aksje de gemeente gjin jild kostje hoege. Resumearjend stelle wy jimme foar: Foar it organiseaijen fan in nij PC-privee projekt de personielsferiening in liening fan 2.500,— de dielnimmer te jaan. De dielnimmers binne ferplichte om dy liening yn 26 terminen fan 100,- yn 'e moanne, of terminen dy't dermei oerienkomme, werom te beteljen. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 16