Oardening winkeltiden 96/128 - 0440 m. Deroer komme oan it wurd de hearen De Vries, Lageweg, Poortinga, Dijkstra, Ekas en de foarsitter. Yn twadde ynstansje ek de hearen Admiraal en Boersma. Der wurdt oan twifele oft de boargers hjir wol op sitte te wachtsjen. By de pleatslij- ke middenstan skynt it ferlet ek net grut te wezen. Omtinken wurdt frege foar de belangen fan it winkelpersoniel en foar de snein as restdei. De foarsitter is fan betinken dat der dan noch mar ris oer praat wurde moat yn de kommisje ABS en nimt it foarstel werom. De hearen Admiraal en Boersma hiene dy diskusje net ferwachte. Bedriuwsfemleatsen Reidhannel De Vries 96/129 - 0799 m. Deroer komme oan it wurd de hearen De Vries, Poortinga, Bijlsma, Admiraal en de foarsitter. De foarsitter ferwachtet dat de undergrun fan de oan te lizzen paralleldyk nei it Piter Rindertsreedsje eigendom wurdt fan De Vries. De bydrage foar bedriuwsferpleatsing sil earst pleats fine as dat yn werklikheid bard is. It kolleezje sil derfoar noch in termyn stelle, nml. foar 1 jannewaaije 1998. Fierder sil it beslut oanpast wurde oan it foarstel. De hear De Vries pleitet der foar dat nij reid net mear opslein wurdt op de aide lokaasje. Sunder haadlike stimming wmrdt neffens it kolleezjefoarstel besletten. Ruzing wurdeariend argeologysk undersvk 96/130 - 1544 m. Deroer komme oan it wurd de hearen Dijkstra, Poortinga, Boersma, De Vries, Admiraal en de foarsitter. De foarsitter seit ta dat der nei 1 jannewaaije o.s. sa gau mooglik in oersjoch fan in grunbedriuw komme sil. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it kolleezjefoarstel besletten. Stan fan saken grunferkeap Aldlan/ferheging grunpriis 96/131 - 1770 m. Deroer komme oan it wurd de hearen Poortinga, De Vries, Bijlsma, Admiraal, Dijk stra, Ketellapper en de foarsitter. De foarsitter seit ta dat der alles oan dien wurde sil om de frege sifers op tafel te krijen. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it kolleezjefoarstel besletten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 5