8. Utiefte bouarun Aldeleie 96/132 - 1891 m. Deroer komme oan it wurd de hearen Bijlsma, Admiraal en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it kolleezjefoarstel besletten. 9. Ferkean grun oan doaroshus Hiium 96/133 - 1937 m. Deroer komme oan it wurd de hearen Ekas, De Vries, Bijlsma en wethalder Klaassens. De wethalder dielt mei, dat de kosten fan dy ferkeap foar rekken fan de ferkeaper komme. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it kolleezjefoarstel besletten. 10. Ofwizen planskea-claims fan de hear Wiarda. jurist vn It Hearrenfean ut namme fan He fam- Elgersma en Lvcklama a Niieholt. beide vn Stiens 96/134 - 2037 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it kolleezjefoarstel besletten. 11. Fuzie WIL-DISK: subsidiearien "De Skalm" en "de Fover" 96/135 - 2042 m. Deroer komme oan it wurd de hearen Dijkstra, Poortinga, Boersma, Ekas, Bijlsma, Fokkema, Admiraal, ffou Haites, wethalder Klaassens en de foarsitter. Troch guon sprekkers wurdt sein, dat it konkurrinsjebetingst net hillich is. Der mei best ris nei sjoen wurde. De minsken dy't de eksploitaasje wier meitsje moatte, moatte ek de fereaske romte krije. Fierder wurdt pleite foar it fuortbestean fan de ban tusken de stifling en de gemeente. De ffaksje fan de FNP fynt dat privatisearring ek omtinken fertsjinnet. Hja kinne dan ek altyd weromfalle op de gemeente. Troch dy fraksje wurdt der op oantrune om yn alle gefallen te sjen nei alternative eksploitaasjemooglikheden. Wethalder Klaassens is it net iens mei dat foarstel. Dat wurdt yn stimming brocht en allinne stipe troch de FNP. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it kolleezjefoarstel besletten mei oanteke- ning dat de FNP-fraksje tsjin is. 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 6