12. Oerdracht gemeentlike taken op grun fan de "Wet Educatie en Beroepsonderwiis" foar it iier 1997 96/136 - 2615 m. Der komme de hear Bijlsma en wethalder Klaassens oer oan it wurd. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it kolleezjefoarstel besletten. 13. Oanfraach kest 74 WBU 96/137 - 2636 m. Deroer komme oan it wurd de hearen Fokkema, Dijkstra, Ekas en wethalder Klaassens. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it kolleezjefoarstel besletten. 14. Oannassing ferskate belestingferoarderings 96/138 - 2665 m. Deroer komme oan it wurd de hearen Lageweg, De Vries, Boersma, Poortinga, Bijlsma, Dijkstra, Admiraal en de foarsitter. De eangst bestiet dat in tal minsken konfrontearre wurde sil mei noch al wat hegere lesten. Hoe't dat utpakt kin noch net oersjoen wurde. Frege wurdt om neiere oersichten en ek om in dudlike bysluter. Werom is it ferskil utrun tusken gebruker en eigner? De negative effekten binne dreech te ferkeapjen. Wat it taryf foar offalstoffen oanbelanget moat sjoen wurde nei de konsekwinsjes fan it tekoart. De hear De Vries wiist op eardere ofspraken dy't makke binne om de tariven mei 3% te ferheegjen. Hy wol der oan fest halde en fynt it nuver dat it kolleezje no mei oare utstellen komt. De beide leden fan de FNP binne fan betinken dat de nije opset foar de ozb liede sil ta lesteferheging. Hja ferwundeije har oer it foarstel om it taryf mei 2,4% foar de offalstoffen te ferheegjen en binne fan betinken dat it yn it foarstel neamde foardiel fan 16.000,-- oan de boargers takomt. De voorzitter is van oordeel dat de hertaxatie ozb niet misbruikt dient te worden voor verhoging van de opbrengst. Wat de afValstoffenheffing betreft heeft het college onderzocht wat het meest haalbare is. Het college ziet geen aanleiding voor een verdeling van het voordeel van 16.000,- over ongeveer 4.000 objecten. It foarstel fan CD A en FNP om it taryf foar offalstoffenheffmg te ferheegjen mei 3% wurdt yn stimming brocht. De leden fan CD A en FNP binne foar, de oare 9 leden binne tsjin. 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 7