It foarstel fan de FNP om it foardiel fan 16.000,-- om te parten wurdt stipe troch de beide leden fan de FNP en it lid fan D'66. De oare 10 leden binne tsjin. 16. It foarstel fan it kolleezje wurdt oannommen mei 10 stimmen foar en 3 tsjin (FNP en D'66). Definitive foardracht monuminten vn it ramt fan it MSP-nroiekt 96/139 - Ban I 0520 m. Deroer komme oan it wurd de hearen Bijlsma, Poortinga, Boersma en wethalder Jansma. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it foarstel fan it kolleezje besletten, mei oantekening dat de hear Poortinga tsjin is. Begruttingswizigings Deroer komme oan it wurd de hearen Bijlsma, Poortinga en de foarsitter. De hear Poortinga is fan betinken dat de stikken oangeande dat punt te let beskikber wiene. Hy koe dy net mei syn ffaksje beprate en is derom tsjin. Mei dy oantekening wurdt fierder sunder haadlike stimming neffens it foarstel fan it kolleezje besletten. Transformaasie GCO 96/141 - 0669 m Fan te foaren wurdt dit foarstel taljochte troch wethalder Klaassens. Demei wurdt it wurd fierd troch de hearen Lageweg, Bijlsma, Fokkema, Admiraal, ffou Haites en wethalder Klaassens. De hear Admiraal wol wol de transformaasjekosten bine oan in maksimum. De oare leden binne it dermei iens. Sunder haadlike stimming wurdt fierders neffens it kolleezjefoarstel besletten. Sa besletten troch de ried niisneamd, yn syn iepenbiere gearkomste fan 30 jannewaaije 1997, de siktaris, de foarsitter, (J.JAKingma) (Mr. C. Bijl) 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 8