GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 3 Agindapunt: 3 Utstelnu.: 97/29 Stiens, 20 maart 1997 Underwerp: tariedingsbeslut Stiens-doarp (ferbouwing Poiesz supermerk) Oan de gemeenteried Poiesz Supermerken B.V. te Snits hat in oanfraach om boufergunning yntsjinne foar it ferbouwen fan har supermerk oan de Langebuorren te Stiens. It ferbouplan lit sjen dat ien fan de magazinen by de winkel komt en dat in oar magazyn fergrutte wurdt. Yn it bestimmingsplan dat noch altyd fan kreft is leit oan de Langebuorren in stripe fan 20 m. djip der't de winkelfunksje binnen utoefene wurde kin. Op it efterlizzende hiem, dat oan de Kakewei ta rint, kinne magazinen en sa boud wurde. It ferbouplan past der kwa funksjeferdieling net yn. Yn it nije bestimmingsplan dat yn untwikkeling is, is dy systematyk ferlitten. It is derby oan de undemimmer hoe't dy syn bedriuw kwa ferskillende funksjes ymjochtsje wol. M.o.w. it ferbouplan past der yn. It ferlienen fan de boufergunning kin pleats fine fia de art. 19 proseduere. Wy stelle jimme foar om foar it oanbelangjende perseel in tariedingsbeslut te nimmen en oan us kolleezje de fierdere ofhanneling fan de proseduere oer te litten. Wat de plannen oanbelangje oangeande de rekonstruksje fan it gebiet fan en om it plein foar it gemeentehus en de dermei mank geande fergrutting fan de parkearkapasiteit hat Poiesz Supermerken B.V. dermei ynstimd om yn it parkearfuns in bydrage fan 1.000,- te stoarten foar elk parkearplak dat der ferlike by de hjoeddeiske sitewaasje en nei realisear- ring fan it pleinplan bykomt. Yn de riedsportefulje lizze de stikken dy't mei dat punt te krijen hawwe op besjen. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, JJ. KING MA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1997 | | pagina 11